Prachtskermke
prachtskermke | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Mycena crocata | ||||||||||||
(Schrad.) P.Kumm. 1871 | ||||||||||||
It prachtskermke (Mycena crocata) is in skimmel út de famylje Mycenaceae. Prachtskermkes binne fan 'e simmer oant yn 'e lette hjerst te finen yn leafbosken tusken blêden, op stobben en tûken fan bûkebeammen, somtiden ek elze- of bjirkebeammen. De poddestoel is allinne te sjen op kalkrike liemboaiem.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De hoed is 1 oant 2,5 sm breed en is as it prachtskermke jong is kegelfoarmich, dêrnei al gau klokfoarmich. It oerflak fan 'e hoed is glêd by wiettigens, by drûchte is de hoed dof en likernôch healwei mei groeven. De hoed is griisgiel oant griisbrún en mei oranje flekken. De kroan is donkerder.
De lamellen sitte bochtich oan 'e stâl fêst en se binne wyt mei oranje flekken.
It silindryske en holle stâltsje is lang, tin en 4 oant 12 sm lang en 0,1 oant 0,2 sm breed. De kleur is gieleftich oant ljochtgriis yn it boppeste diel. Nei ûnder wurdt de stâl helder readeftich giel oant gielbrún. De basis fan 'e stâl is wyt of gielich en woartelt faak swak.
By skansearring skiedt it tinne en wetterige fleis ryklik saffraangiel (crocate betsjut saffraankleurich) oant oranjeread molkesap. De spoareprint is rjemmewyt.
De poddestoel hat gjin aparte rook en in mylde smaak.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It prachtskermke komt yn Aazje, Noard-Amearika (selden yn 'e Feriene Steaten), Súd-Amearika, it noarden fan Afrika (Algerije) en Europa foar. Yn Europa is it prachtskermke fral oan 'e bûkebeam bûn. De poddestoel komt ek yn it suden en súdeasten fan Europa foar. Yn Grikelân komt it prachtskermke in soad yn 'e bûkebosken foar. Ek wurdt it prachtskermke yn Frankryk en de Benelúkslannen sjoen. Prachtskermkes komme lykwols net foar yn Ierlân. Dêrfoaroer is it poddestuoltsje yn hiel Midden-Europa te sjen oant yn Wyt-Ruslân. Nei it noarden ta komt it prachtskermke allinne yn it suden fan Skandinaavje foar. Boppe de 58e breedtegraad is it prachtskermke yn Sweden ôfwêzich.
Ytberens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fanwegen syn lytse fruchtlichem fan tin fleis is it prachtskermke net ytber.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Poddestoel
- Skimmelsoarte
- Skermke
- Lânseigen skimmel yn Jeropa
- Lânseigen skimmel yn Noard-Amearika
- Lânseigen skimmel yn Aazje
- Lânseigen skimmel yn Súd-Amearika
- Lânseigen skimmel yn Afrika
- Lânseigen skimmel yn Frankryk
- Lânseigen skimmel yn Grikelân
- Lânseigen skimmel yn Nederlân
- Lânseigen skimmel yn Fryslân
- Lânseigen skimmel yn Belgje
- Lânseigen skimmel yn Lúksemboarch (lân)