Praachoffinsyf

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Praachoffinsyf
Part fan de Twadde Wrâldkriich
Pražská operace.jpg
datum: 6 maaie11 maaie 1945
plak: Praach, Tsjechoslowakije
útkomst: Sovjet-oerwinning
konfliktpartijen
Flag of the Soviet Union (1924–1955).svg Sovjet-Uny
Flag of Romania.svg Roemeenje
Flag of Poland (1928–1980).svg Poalen
Flag of the Czech Republic.svg Tsjechoslowakije
Flag of Germany (1935–1945).svg Nazy-Dútslân
befelhawwers
Ivan Konev Ferdinand Schörner
Lothar Rendulic
sterkte
2.028.000 soldaten 900.000 soldaten
ferliezen
11.997 dea of fermist 860.000 kriichsfinzenen

It Praachoffinsyf wie de lêste grutte militêre operaasje fan it Reade Leger oan it Jeropeeske eastfront yn de Twadde Wrâldkriich. De slach duorre fan 6 oant en mei 11 maaie 1945, wylst Dútslân op 8 maaie al kapitulearre.

De slach[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de fal fan Berlyn op 2 maaie 1945 begûn op 5 maaie de opstân fan de Praachske befolking tsjin de Dútske besetter. Yn de nacht fan 5 op 6 maaie frege hja om help fan de alliearden, en dy kaam as earste fan it 1ste Oekraynske Leger, dat op 7 maaie it Ertsberchtme berikte en in dei letter de stêd Dresden folslein yn hannen hie.

Yn de nacht fan 8 op 9 maaie binne ienheden fan it 1ste Oekraynske Leger 80 kilometer fierder kommen en dy koenen moarns mei help fan partisanen de Tsjechoslowakyske haadstêd besette. Dêrmei waarden de wichtichste Dútske striidkrêften benoarden Praach ynsletten. Op 10 en 11 maaie jûgen de Dútsers harren oer en gongen hja yn kriichsfinzenskip.

It Reade Leger en de Amerikanen koenen op 10 maaie by Chemnitz en op 11 maaie by Budweis eltsoar de hân jaan.