Springe nei ynhâld

Ertsberchtme

Ut Wikipedy
Plak fan it Ertsberchtme
Opslachmar yn it Ertsberchtme
De top fan Velky Spicak

It Ertsberchtme, (Dútsk Erzgebirge, Tsjechysk Krušné hory) is in berchtme yn Dútslân (Saksen) en Tsjechje dy't oer in langte fan 150 kilometer de grins tusken beide lannen foarmet. It hat syn namme te tankjen oan de rikens oan ertsen (sulver en tin) dy't dêr iuwenlang dold waarden.

De heechste piken komme foar yn it westpart fan it berchtme. De Klínovec (1244 m) is de heechste oan de Tsjechyske kant en de Fichtelberg (1214 m) is de heechste oan de Dútske side. Nei it westen ta giet it Ertsberchtme oer yn it folle legere Elsterberchtme en it Beierske Fichtelberchtme. De eastlike fuortsetting fan it Ertsberchtme is it Elbsandsteinberchtme mei dêrefter de Sudeten. Rjochting noarden wurdt it Ertsberchtme leger; yn de hichten dêre lizze de stêden Zwickau en Chemnitz.

Heechste bergen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan west nei east: