Springe nei ynhâld

Popke Akkerman

Ut Wikipedy

Popke Akkerman (Haulerwyk, 1953) wie in hurdfytser tusken 1971 en 1982.

Begûn yn clubferbân te fytsen op syn santjinde. Op 31 maaie 1971, syn fjirde koers, wûn de Ronde fan Kollum foar nijelingen. De WV Drachten-koereur, dy't yn 1973 amateur waard, waard yn de sponsorploech fan Kroon Worst opnomd. Dêrnei kaam er noch út foar de ploech fan âld-Tourwinner Jan Janssen en yn 1982 tekene hij foar de Expert-ploech fan streekgenoat Gerke Gorter. Yn 1972 helle hy in sulveren medalje op it kampioenskip fan Fryslân op de fleanbasis yn Ljouwert en yn 1977 wie hy yn Aldemardum, nei Anne Koster, wer twadde. Yn eigen omjouwing wûn hy de Rondes fan Beetstersweach (1979) en Easterwâlde (1980), wêrnei't hy yn 1981 yn Eext kampioen fan Fryslân op de dyk waard.

Healwei it seizoen 1982 is Popke Akkerman stoppe mei hurdfytsen. Twa seizoenen kaam de meiwurker yn it potgrûnbedriuw fan syn heit net yn aksje troch drokte op it wurk en sykte.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: