Springe nei ynhâld

Pont Kolmarslân

Ut Wikipedy

De Pont Kolmarslân is it fear tusken de Paviljoenwei en it Kolmarslân yn Snits/Offenwier.

De ferbining bestiet al tsientallen jierren en is, bûten de Snitswike om, de ienige direkte ferbining tusken it saneamde Starteilân en it fêstelân. De pont foarmet de oerstek oer it Prinses Margrietkanaal. Yn de Snitswike is ek de Poieszboat ien fan de fearferbinings.

De hjoeddeiske pont is in saneamde efterlader (in pont dy't allinnich oer it efterskip syn lading oan en fan board sette kin). Op de oerstek fart de Albatros, dêr't twa auto's, meardere fytsen of 80 persoanen (hoewol op it eillân per definysje in ferbod jildt foar auto's) op kinne. By drokte, bygelyks yn de Snitswike, wurdt in ekstra pont ynsetten (kapasiteit 20 persoanen). De Albatros hat yn de jierren 50 yn Seelân tsjinst dien as pont. Foaroan de pont wurdt foar grutte frachten, as bygelyks bierweinen, in ponton keppele.

Tsjinstregeling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De pont fart meardere kearen yn it oere rjochting it eilân. In retour kostet €1,50. Yn de Snitswike fart de pont ôf en oan. De haven fan de pont op de fêste wâl is tagelyk ien fan de haltes fan de Snitser Marbus.