Pniëlkapel (Ljouwert)
Pniëlkapel | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Fryslân | |
plak | Ljouwert | |
adres | C. Fabritiusstrjitte 31 | |
koördinaten | 53°11' N 5°47' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | oarspronklik Nederlânsk-herfoarme (rjochtsinnich) letter PKN | |
ôfstjitten | 2011 | |
hjoeddeiske funksje | bernesintrum | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Hero Feddema & Sn. | |
boujier | 1925 | |
Kaart | ||
De Pniëlkapel is boud as in kapel fan 'e Feriening fan Rjochtsinnich Herfoarmden yn Huzum (no Ljouwert). Hjoed-de-dei foarmet it gebou ûnderdiel fan in yntegraal bernesintrum.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It gebou stiet op 'e hoeke fan 'e Carel Fabritiusstrjitte (oarspronlik de Suderstrjitte) en de Jozef Israëlstrjitte en ferfong in lytser gebou oan 'e Skrâns. Op 28 jannewaris 1925 waard de earste stien lein en op 7 maaie waard it gebou yn gebrûk nommen. Pniël waard neffens in ûntwerp fan arsjitektenburo Hero Feddema & Sn. as evangelisaasjekapel foar de rjochtsinnich herfoarmden yn Huzum-West boud en der wie plak foar likernôch 500 minsken.[1]
Nei in grutte ferbouwing yn 1936 naam it oantal sitplakken ta oant 850. Op 28 augustus 1936 waard de tsjerke wer yn gebrûk nommen.
Nei in Samen-op-Wegproses mei de grifformearden fan 'e Skrânstsjerke fusearren de twa herfoarme wykgemeenten fan Huzum-West, de herfoarme Doarpstsjerkewyk en dy fan 'e grifformearde Oasewyk ta de PKN-gemeente Ljouwert-Huzum. De Skrânstsjerke wie al yn 2000 sletten en de wyktsjerkerieden fan 'e Skrânstsjerke en de Pniëlkapel waarden yn 2001 gearfoege. De PKN-gemeente hold yn augustus 2011 foar it lêst in tsjinst yn Pniël.[2] De tsjerke waard sûnt de hjerst fan 2011 noch foar in skoft troch de pinkstergemeente Elim hierd.
Yn 2016 waard de tsjerke in ûnderdiel fan 'e njonkenlizzende kristlike basisskoalle Johan Willem Friso. Neffens in projekt fan arsjitektenburo Onix waarden de skoalle en de kapel ta in yntegraal bernesintrum ferboud.[3][4]
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]By de ferbouwing yn 'e jierren 1930 waard it âlde oargel ferfongen troch in teäteroargel út it Metropoolteäter fan Skiedam, dat yn 1933 troch de Rotterdamske oargelbouwer Standaart boud wie. Nei it sluten fan Pniël foar de earetsjinst waard it oargel yn 2016 krekt foar de sloop fan it oargel troch oargelmakker Nico Slooff út Lekkerkerk oernommen foar in roomske tsjerke yn Charkov, Oekraïne.[5][6]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|