Springe nei ynhâld

Platina (muzykferkeap)

Ut Wikipedy
Platina plaat Jimi Hendrix: Band of Gypsys

Platina is in term dy't yn 'e muzykyndustry yn it ramt fan 'e sertifikaasje fan muzykferkeap brûkt wurdt om oan te jaan dat fan in produkt in beskaat tal eksimplaren ferkocht is. Hoewol't it dêrby tsjintwurdich gean kin om bygelyks in album, single, fideoklip of muzykdownload, sprekt men yn dit ferbân meastal noch fan in platina plaat, om't sokke sertifikaten ynfierd binne yn it tiidrek fan 'e grammofoanplaat. As taastber bewiis fan syn of har súkses kriget de muzykartyst dêr't it om giet in platina replika fan syn of har album of oar produkt útrikt. Yn tsjinstelling ta 'gewoane' muzykprizen seit in platina plaat neat oer de kwaliteit fan it produkt, om't it inkeld kommersjeel súkses beleannet. In lytser kommersjeel súkses wurdt beleanne mei in goudene plaat.

De drompel dy't men yn ferkeapsifers oerstiigje moat om in platina plaat te krijen, ferskille per lân of territoarium, mei't se keppele binne oan 'e befolkingsgrutte. Teffens ferskilt de drompel by ferskillende produkten yn hichte. Yn Nederlân beoardielet de Nederlânske Feriening fan Produsinten en Ymporteurs fan Byld- en Lûdsdragers (NVPI) oft in artyst rjocht hat op in platina plaat. It inisjatyf ta dy beoardieling wurdt nommen troch de platemaatskippij, dy't by de NVPI yn dat ramt in peinje oanfreget. Sa'n peinje is feitliks neat oars as de hantekening fan in notaris, dy't it ferkeapsertifikaat syn ynternasjonale status en dêrmei syn wearde jout. Dêrnei is it oan 'e platemaatskippij om der fierders wat mei te dwaan, wat ornaris útmûnet yn 'e feestlike útrikking fan 'e (yn opdracht fan 'e platemaatskippij makke) platina replika.

De ferkeapsifers dy't yn Nederlân easke wurde foar takenning fan in platina plaat binne:

Yn it ferline leine dy drompels heger. Sa waard oan yn 'e 1990-er jierren pas by 100.000 ferkochte popalbums in platina plaat útrikt. Mar fanwegen ôfnimmende ferkeapsifers binne se sûnt de milenniumwiksel ferlege.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.