Plantaazjetsjerke (Swol)

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Plantaazjetsjerke

Plantagekerk

Swol, Plantaazjetsjerke.jpg
lokaasje
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Flag of Overijssel.svg Oerisel
plak Flag of Zwolle.svg Swol
adres Ter Pelkwijkstraat 17
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1873-1875
arsjitekt J.W. Bosboom Sr.
boustyl Eklektisisme
webside plantagekerkzwolle.nl

De Plantaazjetsjerke (Plantagekerk) is in tsjerke fan de frijmakke mienskip yn de Oeriselske stêd Swol. It gebou wurdt brûkt troch in grutte tsjerklike gemeente mei in soad jonge leden.[1]

Skiedis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It tsjintwurdige ryksmonumint [2] waard oarspronklik boud foar de trije grifformearde gemeenten, dy't nei de ôfskieding yn 1835 yn Swol oer in langere perioade ûntstien wiene. De trije gemeenten waarden yn 1869 wer byinoar foege ûnder de namme Kristlik Grifformearde Tsjerke. De besteande gebouwen wiene no te lyts foar de nije gemeente en yn 1872 naam de tsjerkeried it beslút ta nijbou. Op in stik grûn by de stedsmuorre waard in lape bougrûn oankocht en op 25 july 1875 waard de tsjerke iepene.[3]. It ûntwerp is ôfkomstich fan de arsjitekt J.W. Bosboom Sr.[4]

Oarspronklik hie it gebou in tuorke, dat yn 1892 ferfongen waard troch de hjoeddeiske gevelbekroaning.

Yn de jierren 1980 waard de tsjerke restaurearre.

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oargel yn de tsjerke, dat fersierd is mei de bylden fan in harpspyljende kening David en blazers op in bazún, is âlder dan de tsjerke sels en waard yn de earste helte fan de 19e iuw boud. De kânsel is oarspronklik út in tsjerke út it Súd-Hollânske Gouderak ôfkomstich. De banken binne oarspronklik, mar steane net mear alhiel neffens it âlde skema.[5]

keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: