Springe nei ynhâld

Pieter van Borssum Waalkes

Ut Wikipedy

Pieter van Borssum Waalkes (Emden, 17 septimber 1795 - Ysbrechtum, 13 febrewaris 1881) wie in predikant fan Eastfrysk komôf.

Van Borssum Waalkes wie in soan fan skipsreder Waalke Janzen Waalkes (om 1765) en Elisabeth van Borssum (om 1765). Hy studearre teology yn Grins en waard dêrnei herfoarme predikant yn Goaiïngaryp (1817), Warkum (1818), Weidum (1820) en stie fan 1827 oant 1881 yn Ysbrechtum. Hy wie in oanhinger fan de saneamde Grinzer rjochting yn de teology.

Van Borssum Waalkes boaske twaris. Earst mei Gesina Catherina Tenckinck (Sint Anna, 1792 - 1827) ; letter mei Adriana Bernhardina Trip (1799-1886). Hy krige 14 bern út beide houliken. Syn soan Waalke van Borssum Waalkes waard ek dûmny.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: