Springe nei ynhâld

Pieter Post (arsjitekt)

Ut Wikipedy
Pieter Post (arsjitekt)
keunstner
Pieter Post troch Pieter Nolpe (1651), detail út in grutter wurk
Pieter Post troch Pieter Nolpe (1651), detail út in grutter wurk
persoanlike bysûnderheden
berne 1608
berteplak Haarlim
stoarn 2 maaie 1669 (61 jier)
stjerplak De Haach
wurkpaad
wurksum as Arsjitekt, keunstskilder
streaming Hollânsk klassisisme

Pieter Post (Haarlim, doopt 1 maaie 1608 - De Haach, 2 maaie 1669) wie in Nederlânske arsjitekt en keunstskilder. Hy waard yn 1645 de hofarsjitekt fan steedhâlder Frederik Hendrik en Amalia fan Solms. Post kin beskôge wurde as in belangrike fertsjintwurdiger fan it Hollânsk klassisisme, mei Jacob van Campen, Philip Vingboons en Arent van 's-Gravesande. Hy krige opdrachten fan ferskate Hollânske stedsbestjoeren.

Post wie de soan fan in Leidske glesker. Hy waard ynearsten keunstskilder, lykas syn jongere broer Frans. Nei in oantal jierren yn Haarlim wurksum west te hawwen as skilder, kaam er yn tsjinst by Jacob van Campen en assistearre er by de bou fan it Mauritshûs (De Haach), yn opdracht fan Johan Maurits fan Nassau-Siegen, en it Huygenshuis en Hofwijck van Constantijn Huygens. Nei 1640 krige Post hieltyd mear selsstannige opdrachten. Syn ynfloed op it wurk fan Jacob van Campen mei net ûnderskat wurde en is ûnderwerp fan diskusje.

Pieter Post wurke mooglik as bouopsichter of tekener oan Huis Honselaarsdijk - it meast ambisjeuze fan alle Oranjepaleizen - en Huis ter Nieuwburch yn Rijswijk. Guon skriuwers litte it foarkomme dat Pieter Postlykas syn broer Frans yn Brazilië west hat, mar dat is hiel ûnwierskynlik. Der is ek gjin inkelde oanwizing dat Pieter Post út Hollân wei ûntwerpen foar Mauritsstêd levere hawwe soe. [1]

Yn 1651 publisearre Post in achttal gravueres nei oanlieding fan de begraffenis fan steedhâlder Frederik Hendrik. Cornelis Ryckwaert wie in meiwurker en learling fan Post. De dochter fan Pieter Post troude mei Frederik Ruysch, de Amsterdamske anatoom-biolooch-samler.

Post hearde by de freonerûnte fan Constantijn Huygens. Doe 't er ferstoar skreau Huygens yn syn deiboek fan 1669: 2 Meij, na een sieckte van slechts twee dagen, sterft mijn Vriend P. Post, bouwkundighe. en Obit amicus meus Petrus Post, Architectus. [2] Ek skreau er foar Pieter Post in grêfskrift yn jambysk metrum: [3]

By dese Post
Light Pieter Post,
Die won sijn kost
Soo veel hij kost
Aen Balck en Post,
En wierd verlost
Met hij begost,
En als hij most
Vergingh te Post.

Constantijn Huygens

Pieter Post waard op 8 maaie 1669 beïerdige yn de Kleastertsjerke oan it Lange Voorhout yn De Haach.[4]

De ûntwerpen fan Pieter Post waarden yn hiel in Europa neifolge.

Sjoch List yn it Nederlânsktalige artikel

In kar:

Der binne net in soad skilderijen fan Pieter Post bekend. Syn betide wurk út de perioade 1629 -1633 is beynfloede troch Esaias van de Velde, Cornelis Vroom en Pieter de Molijn, dy 't mooglik ek syn learmaster wie. Om 1635 -1639 hinne ûntwurp er it beskildere plafond fan it hûs "Groot Salet" oan de Zijlstrjitte 62-64 yn Haarlim. [5] Ek letter, doe 't er foaral aktyf wie as arsjitekt, hat er út en troch skildere, wêrûnder in skoarstienstik dêr 't Caesar fan Everdingen de figueren foar skildere. Foar de skouboarch fan Jacob van Campen (yn Amsterdam) skildere er twa yllúzjonistyske dekorstikken, dy 't ferlern gien binne. Fierder is in grut tal sinjearre tekeningen fan syn arsjitektuerûntwerpen bewarre bleaun. [6]

Ofbyld Titel Jier Ferbliuwplak
Abraham en Lot verdelen het land onderling en gaan elk huns weegs (Genesis 13:6-12) [7] ± 1630 Haarlim, Frans Hals Museum
Italiaans landschap Priveesamling (Ierlân)
Overval op een legerkonvooi (pendant fan de folgjende) 1631 De Haach, Mauritshûs
Ruitergevecht (pendant fan de foarige) 1631 De Haach, Mauritshûs
Ruitergevecht Keulen, Wallraf-Richartz-Museum
Gezicht op de bleekvelden bij Haarlem P.I. Post. / 1631 Parys, Fondation Custodia
Landschap met ruiters op een zandweg Kopenhagen, Statens Museum for Kunst
Duinlandschap met hooischelf ± 1630-1633 De Haach, Mauritshûs
Pieter Post (arsjitektuer) en Caesar van Everdingen (figueren):
Handvestverlening van graaf Willem II van Holland aan het Hoogheemraadschap van Rijnland
1655 Leiden, Gemeenlandshuis van Rijnland (oarspronklik it skoarstienstik yn de grutte seal fan Gemeenlandshuis Swanenburg yn Halfweg)
Panoramisch landschap met in het verschiet kasteel Plön in Sleeswijk-Holstein, gezien vanuit het zuidwesten[8] ± 1665 Priveekolleksje


Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Terwen & Ottenheym 1993, s. 28-29
  2. J.J. Terwen, K.A. Ottenheym: Pieter Post (1608-1669): architect, Walburg Pers, Zutphen, 1993, ISBN 9060118677
  3. Terwen & Ottenheym 1993, s. 238
  4. Thieme en Becker, Allgemeines Lexikon der bildenden Künstler, Diel XXIIV, s. 298
  5. Van Schaik & Taverne 2020
  6. Terwen en Ottenheym 1993, s. 12-16, 246
  7. Sjoch RKD
  8. Sjoch RKD