Springe nei ynhâld

Pieter Breuker

Ut Wikipedy

Pieter Breuker (Skingen, 17 maaie 1945) is in Frysk wittenskipper en skriuwer.

Oplieding en wurk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Pieter Breuker die doktoraaleksamen Nederlânsk oan de Universiteit van Amsterdam (UvA) en doktoraaleksamen Frysk oan de Vrije Universiteit (VU).

Nei studint-assistintskippen Frysk oan resp. de Universiteit Utrecht (UU; 1970-1971) en de VU; 1971-1973) gong Breuker oan it wurk as learaar Nederlânsk (1973) en letter ek Frysk (1975) oan de Ryks Pedagogyske Akademy op It Hearrenfean. Yn 1978 krige er in dieltiid-oanstelling oan it Frysk Ynstitút fan de Ryksuniversiteit Grins (RuG), dy’t yn 1979 omset waard yn in folsleine baan as wittenskiplik meiwurker foar Frysk oan dy ynstelling. Hy promovearre yn 1993 oan de RuG op in sosjolinguistysk ûnderwerp: Noarmaspekten fan it hjoeddeiske Frysk. Oant syn pensioen ta hat Breuker oan de RuG sosjolinguistyk, fakdidaktyk, taalfeardigens en Frysk-foar-net-Frysktaligen jûn en dêrneist de learare-oplieding Frysk fersoarge. Hy hat foaral oer de beide earste ûnderwerpen in protte publisearre, meast yn artikelfoarm.

By syn ôfskied oan de RuG publisearren twa studinten fan Breuker in kaairoman oer har dosint, wêryn't op boartlike wize de lêste syn fyzje op de noarm fan it Frysk beskreaun waard: Geart Jan Tigcheldam (pseudonym foar Geart Tigchelaar en Dirk Jan Muntendam). De Kweeste fan Ridder Pieter 'Geef-mar-Linich' fan Skingen. S.p. [Grins], 2010.

Breuker publisearret ek al desennialang oer keats- en sporthistoarje yn it algemien. Swiertepunten by it earste binne de histoarje en ynternasjonalisearring fan it spul en it plak fan it keatsen yn it deistige libben, de taal, literatuer en kultuer, wylst it by it twadde meast om de oergongsperioade [± 1880-1920] fan tradisjonele folksfermaken nei moderne sporten giet. Breuker hat de lêste jierren ek noch twa boeken oer it aaisykjen skreaun, it iene oer sosjaal-ekonomyske, it oare oer kultuer-histoaryske en sportive aspekten fan dy tradysje. Dêrneist hat er it inisjatyf nommen ta of meiwurke oan ûnderskate útstallingen op it mêd fan it keatsen en it aaisykjen. Ta gelegenheid fan syn pensionearring organisearre it Frysk Ynstitút ein 2009 in ôfskiedskongres oer Friese sport. Tussen traditie en professie. Breuker wie doe al as sporthistoarysk ûndersiker ferbûn oan de Katholieke Universiteit Leuven. De skriuwer is foar syn publikaasjes en oare aktiviteiten op it mêd fan de keats- en sporthistoarje yn it algemien yn 2017 ûnderskieden mei de Sulveren Anjer.

Op noch wer in oare manier hat Breuker foarmjûn oan wat him beweecht yn Boarterskertier (2003), in seleksje út de skriuwer syn ûnderskate kearen bekroande literêre publikaasjes (gedichten en koarte ferhalen) sûnt 1986. En foar in bûtensteander miskien ûnferwachte is syn mei de Lutinepriis bekroande publikaasje Op naar Terschelling! Pioniers, badgasten en toeristen (1581-1940) (2023), mar de auteur komt al sûnt syn bernejierren op Skylge, in eilân dat him tige nei is.

  • 1973: J.H. Halbertsma, Gysbert Japicx en de Fryske dialekten
  • 1982: (ko-auteur en einred.): Bydragen ta de didaktyk fan it Frysk yn it fuortset ûnderwiis
  • 1983: Keatserstaal
  • 1984: 1899 Ontspanning 1984
  • 1984: (ko-auteur en ko-einred.): Foar de taalspegel; koart oersjoch fan Hollânske ynslûpsels yn it Frysk [19922]
  • 1987: Boppe!; in blomlêzing út de Fryske keatsliteratuer
  • 1993: Noarmaspekten fan it hjoeddeiske Frysk
  • 1993: (ko-einred.): Tussen terp en toren. 1893 100 jaar VvV Sjirk de Wal Dronrijp 1993
  • 1994: (einred.): Fries en Nederlands in de basisvorming; overeenkomsten en mogelijkheden tot samenwerking
  • 1997: (ko-auteur en einred.): Kaatsen: lange traditie, levende sport; bij het eeuwfeest (1897-1997) van de Koninklijke Nederlandse Kaatsbond (KNKB)
  • 1997: Met de Friese slag
  • 1998: Oan de hang; in samling skôgingen, artikels en lêzingen oer keatsen, keatshistoarje, keunst en kultuer
  • 1999: (ko-auteur en einred.): 1899 K.F. Ontspanning Skingen-Slappeterp 1999
  • 2001: (ko-auteur en ko-einred.): Nieuwe perspectieven voor onderwijs en opleiding. Ontwikkelingen in het voortgezet onderwijs en in de professionalisering van leraren
  • 2003: (ko-auteur en ko-einred.): De fiifde woansdei; 150 jier PC (1853-2003)
  • 2003: (ko-auteur en einred.): Fierder mei Frysk (3); lêzingen hâlden op de konferinsje 'Fierder mei Frysk' op 2 oktober 2003
  • 2003: Boarterskertier (yn 2006 ûnder einredaksje fan Saakje van Dellen yn it Nederlânsk, Frânsk, Dútsk en Ingelsk ferskynd as: Van Speelkwartier tot Break)
  • 2004: (ko-auteur en ko-einred.): Sporthistorie: tussen feit en mythe
  • 2007-2009: (ko-auteur en ko-einred.): Freemwurk (in taalmetoade Frysk foar it fuortset ûnderwiis)
  • 2009: (ko-auteur- en ko-einred.): Friese sport: tussen traditie en professie
  • 2009: Op de rigel. Systematyske bibliografy fan it wurk (1966-2009) fan Pieter Breuker
  • 2012: Kostelijke koopwaar. De handel in Friese kievitseieren [1850-1900]. Met een heruitgave van De kunst van het eijer zoeken van Fokke Atzes Dijkstra [20122]
  • 2013: Histoarje en kultuer fan it keatsen. Jierdeikalinder
  • 2015: Ljip en aai yn hert en holle. Aaisykjen as folkssport, fêstlein yn wurden en bylden
  • 2018: Lytse bal, grut spul. Artikels oer keatshistoarje en keatskultuer
  • 2020: Van Parijs tot Pyeongchang. Kaatsen, kaatsers en alle andere 29 Friese medaillewinnaars op de Olympische Spelen
  • 2021: Van bekkensnijders tot onderzoeksprogramma's. Geschiedkundige bijdragen over vermaken en sporten in Nederland
  • 2023: Op naar Terschelling! Pioniers, badgasten en toeristen (1581-1940)
  • 2008: (ko-gearstaller) Talk Now! Frisian (begjinnerskursus Frysk-foar-net-Frysktaligen; Eurotalk, Londen)

== Prizen en ûnderskiedingen ==  

  • 1986: Rely Jorritsmapriis (foar koart ferhaal: De winner)
  • 1987: Priis fan Stifting It Fryske Boek foar ‘orizjineelste, bêst fersoarge en meast opfallende boek’ 1986-1987 (foar Boppe!; in blomlêzing út de Fryske keatsliteratuer)
  • 1988: Rely Jorritsmapriis (foar koart ferhaal: De rôze ko)
  • 2004: Liuweprint (foar De fiifde woansdei; 150 jier PC (1853-2003)
  • 2014: KFFB-jubileumpriis (foar koart ferhaal: ... 35 x 2)
  • 2009: nominaasje Je Maintiendrai-priis 'Regionale identiteit in Noord-Nederland' (foar essee: Een wereld van verschil)
  • 1974: Lid Fryske Akademy
  • 2003: Lid fan fertsjinste Koninklijke Nederlandse Kaatsbond
  • 2010: Akademyplakette RuG
  • 2016: Earelid De Sportwereld
  • 2017: Sulveren Anjer (foar syn bydragen oan de keats- en sportskiednis)
  • 2023: Lutinepriis fan de gemeente Skylge foar syn kultuerhistoarysk boek: Op naar Terschelling! Pioniers, badgasten en toeristen (1581-1940)

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]