Piet Worm
Piet Worm | ||
keunstner | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Petrus Johannes Franciscus Maria Worm | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 17 septimber 1909 | |
berteplak | Alkmaar | |
stoarn | 7 maaie 1996 | |
stjerplak | Alkmaar | |
wurkpaad | ||
wurksum as | Skilder, yllustrator, boekbânûntwerper |
Petrus Johannes Franciscus Maria (Piet) Worm (Alkmaar, 17 septimber 1909 - dêre, 7 maaie 1996) wie in Nederlânsk keunstner.
Worm studearre oan de Ambachtskeunstskoalle yn Haarlim, de Skoalle foar Keunst, Technyk en Ambacht yn De Haach en de Ryksakademy foar Byldzjende Keunsten yn Amsterdam. Hy ûntjoech him ta wandskilder, yllustrator fan berneboeken en wie boekbânûntwerper.
Yn 1935-36 makke Worm op tekst fan Tom Drost Van Kwik-Kwak het Kikkertje yn de Kleine Katholieke Illustratie (1935-36). Utjouwerij De Fontein publisearre syn strip Het Heldenlied van Jan en Piet yn 1947.
Yn 'e mande mei Bertus Aafjes makke er ek in tal ferhalen, sa as Peter-kersen-eter, Vrolijke Vaderlandse Geschiedenis yn De Volkskrant, 1948 en Vogelvis yn 1948.
Yn 1948 arbeide er op mei Piet Bouwes en wie er redakteur fan it wykblêd De Fontein fan de útjouwerij mei deselde namme út De Bilt. Yn dat blêd tekene hy Professor Zegellak mei tekst fan Daan Zonderland.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|