Piersmastins

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Piersmastins wie in stins yn Flânsum by Raerd, gemeente Boarnsterhim, mar de krekte lokaasje is (noch) net bekend. Fan stins en stinswier is neat werom te finen.

Suffridus Petrus skreau yn 1593 dat Rixt Feickes fan Piersma de mem fan Joachim Hoppers wie. Har heit Feicke en har pake Tarquinius (Tierck) wienen stedsbestjoerders yn Snits, har oerpake wie Aeltse Piersma. Tierck wie troud mei Rixt Tierxma, in dochter fan Douwe Sickes Tierxma, dy't ek yn it stedsbestjoer fan Snits siet. It stamgoed fan dizze Piersma's lei yn Raerd, dêr't se yn de tsjerke harren grêfmonuminten hiene en dêr't yn 1593 Piersmastins (Piersmana arx) noch oanwêzich wie. Ek de sate Tierxma, it stamgoed fan de Tierxma's lei ûnder Raerd, nammentlik op Flansum.

Yn 1511 waard ûnder Raerd Feyke Tiercks as mei-eigener fan in sate neamd. Yn 1543 grinze lân, brûkt troch Frederick to Persma oan in stikje pastorijlân. Yn 1562 kocht dr. Joachim Hopper yn Mechelen in rinte út en in oaniel yn de beide sates Peersma en Tierxsma. Krektas syn kollega Viglius fan Aytta kocht hy dus âld famyljeguod oan. De lizzing fan de Piersmastins en fan Tierxsma is noch net bekend.

Bewenners/Eigeners[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1543 Frederick to Persma

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stinzen yn Fryslân
  • http://www.hisgis.nl, tab "kaartlagen", kar "Stinzen Fryslân". Dy tekst is ek publisearre yn De Stinzen in middeleeuws Friesland en hun bewoners, P.N. Noomen, Utjouwerij Verloren, Hilfertsom, 2009