Springe nei ynhâld

Petsjerkski Himelfeart-kleaster

Ut Wikipedy
Petsjerkski Himelfeart-kleaster

Печёрский Вознесенский монастырь

Lokaasje
lân flagge fan Ruslân Ruslân
plak Nizjni Novgorod
koördinaten 56° 19' N 44° 02' E
Kleastergegevens
denominaasje Russysk-Otterdokse Tsjerke
oprjochting tusken 1328 en 1330
oprjochter Sint-Dionysius
opheffing 1924
weriepening 1994
Ynformaasje bou
arsjitekt Antipa Konstantinov
boujier 17e iuw
monumintale status Kultureel monumint fan federaal belang
monumintnûmer 5210046000
Webside
Novospassky-kleaster pecherskiy.nne.ru
Kaart
Petsjerkski Himelfeart-kleaster (Nizjni Novgorod)
Petsjerkski Himelfeart-kleaster

It Petsjerski Himelfeart-kleaster (Russysk: Печёрский Вознесенский монастырь; Petsjerksi Voznesenski monastyr) is in kleaster yn Nizjni Novgorod, Ruslân. It is it wichtichste kleaster fan it otterdokske bisdom Nizjni Novogorod en de sit fan 'e biskop. It waard yn 1330 stifte troch de hillige Dionysius.

It kleaster waard troch Dionysius tusken 1328 en 1330 stifte. Guon boarnen wol ha dat it kleaster al yn 1219 troch Joeri II fan Vladimir, mar oer it gehiel nommen wurdt de stifting fan it kleaster oan Dionysius taskreaun. De út it hoalekleaster fan Kiëv ôfkomstige muonts kaam mei in tal oare bruorren nei Nizjni Novgorod om dêr trije werst fan 'e stêd in monastike delsetting oan 'e Wolga op te rjochtsjen.

F.l.n.r. Klokketoer, katedraal en de Euthimiustsjerke.

De muontsen libben neffens it krekt tapaste prinsipe dat alles yn ' e mienskip foel. Hja hiene gjin eigen besit, alles foel oan 'e mienskip ta. Alle muontsen, ek de abt fan it kleaster, wurken foar it iten. Sûnder de segen fan 'e hegumen ferliet nimmen de kleasterpoarte.

Al rillegau nei de stifting waard it kleaster ien fan 'e meast belangrike kulturele sintra fan it prinsdom Nizjni Novgorod. Yn dy tiid skreau de muonts Laurentius yn it kleaster de Laurentiaanske Kronyk foar Dmitri Konstantinovitsj. Tusken de learlingen fan Dionysius wiene ek twa letter hillich ferklearre muontsen út Nizjni Novgorod: Euthimius fan Sûzdal en Makarius fan Unzja. Beide learlingen fan Dionysius laten sels ek wer op oare plakken nije kleasters (Euthimius it Ferlosser-Euthimiuskleaster yn Sûzdal en Makarius it Makarjev-kleaster yn Makarjevo). In oare muonts fan it kleaster, de filosoof Pavel Vysoky, waard de pryster fan 'e frou fan Dmitri Donskoj, Evdokia fan Moskou.

Yn 'e 16e iuw gyng alles tige mei tige mei it kleaster. Mar tsjin 'e ein fan 'e iuw barde der in slim ûnheil: op 18 juny 1597 om moarns trije oere kaam de berch nei ûnder en ferneatige it kleaster. By de ierdferskowing kaam nimmen om it libben, mar fan it hiele kleasterkompleks bleau hast neat oer. Om't noch mear ierdferskowingen net útsletten wurde koene, waard der foar keazen om it kleaster fuortendaliks nei in plak, fierder de stream op, te ferhûzjen. Der wurdt oannommen dat de heit fan Ruslân's nasjonale held Kûzma Minin nei de ferwoastging bydroegen hat oan 'e weropbou fan it kleaster .

Katedraal mei skeve klokketoer.

Yn 'e jierren 1640-1650 boude de arsjitekt Antipa Konstantinov it no noch besteande kleasterkompleks. Dêrûnder falt ek de fiifkoepelige Himelfeartkatedraal mei in galerij, in tintefoarmige Untsliepenistsjerke mei refter en in poartetsjerke. De stiennen muorre waard yn 1765 boud.

Poarte.

It kleaster hie sels in sikehûs en in opfang foar âlderen en earmen dy't harren net mear rêde koene. Dêrnjonken holp it kleaster ek by de ferdigening fan it lân troch jild, bôle en oare saken oan 'e tsaristyske troepen te jaan.

Yn 1924 foel it beslút fan NKVD om in ein te meitsjen oan it monastike libben yn it kleaster. It gebouwekompleks krige dêrnei ferskate funksjes.

Yn 1994 krige it kleaster de oarspronklike funksje werom. Op it terrein fan it kleaster is tsjintwurdich ek in museum oer de skiednis fan it bisdom.

Untsliepenistsjerke.
  • Himelfeartkatedraal mei klokketoer (1630-1632)
  • Untsliepenistsjerke (1648)
  • Poartetsjerke (1645)
  • Petrus- en Paulustsjerke (1738)

Dêrnjonken binne der op it terrein oare gebouwen út de 17e en 18e iuw, wêrûnder it yn 2005 restaurearre biskoplike paleis.

In opfallend gebou fan it kleaster is de klokketoer by de Himelfeartkatedraal, dy't foars út it lead hinget. Yn 'e toer hinget in mechanyske klok, dy't de meldijen fan "Боже , Царя храни" (Bozje, Tsarja chrani; God, behoedzje de tsaar) en "Коль славен наш Господь в Сионе" (Kol' slaven nasj Gospod v Sione; Hoe priisd is ús Hear yn Sion; te uzes bekend is ûnder de titel Ich bete an die Macht der Liebe) spilet.

De Untsliepenistsjerke en de poartetsjerke binne tsjerken mei tintefoarmige tuorren, dy't boud binne troch de lokale arsjitekt Antipa Konstanintov. Deselde arsjitekt wurke ek by de bou fan 'e Aartingel Michaelkatedraal yn it kremlyn fan Nizjni Novgorod en by de bou fan it Terempaleis en de restauraasje fan de Untsliepeniskatedraal yn it Moskouse kremlyn.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Печерский Вознесенский монастырь