Ferlosser-Euthimiuskleaster

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Ferlosser-Euthimiuskleaster

Спасо-Евфимиев монастырь

Katedraal, Jehannes de Dopertsjerke en klokketoer
Katedraal, Jehannes de Dopertsjerke en klokketoer
lokaasje
lân Flag of Russia.svg Ruslân
oblast Coat of arms of Vladimiri Oblast.svg Vladimir
plak Coat of Arms of Suzdal (Vladimir oblast).png Soezdal
bysûnderheden
type bouwurk Kleaster
boujier 16e en 17e iuw
webside Vladimir museum

It Ferlosserkleaster fan de hillige Euthimius (Russysk': Спасо-Евфимиев монастырь) is in otterdoksk manljuskleaster yn de Russyske stêd Soezdal en de oblast Vladimir. It kompleks makket diel út fan de Wite Monuminten fan Vladimir en Soesdal en falt ûnder it wrâlderfskip fan UNESCO.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It kleaster waard stifte yn 1352 troch Boris Konstantinovitsj, grutfoarst fan Nizjny Novgorod. Fan de oarspronklik houten gebouwen fan it kleaster is neat bewarre bleaun. It tsjintwurdige oansjen fan it kleaster is 16e en 17e iuwsk. De gebouwen kamen benammen ta stân troch grutte jeften fan foarsten en bojaren, lykas grutfoarst Vasili III, tsaar Ivan IV en fan it Pozjarski-skaai. By de eastlike muorre fan de katedraal leit it grêf fan prins Dmitri Michailovitsj Pozjarski. De moarmeren kapel boppe it grêf waard yn de jierren 1930 troch de bolsjewiken sloopt, mar yn 2009 is de kapel wer opboud en op 4 novimber fan dat jier troch presidint Dmitri Medvedev iepene.

Op 7 july 1445 moast der slim fochten wurde oan de muorren fan it kleaster tsjin de Kazaanske troepen ûnder lieding fan de prinsen Mahmud en Yakub. De Tataren krigen de oerhân en namen by dy gelegenheid grutfoarst Vassili II finzen. |

Fresko's yn de Transfiguraasjekatedraal

De belangrykste tsjerke fan it kleaster is de Transfiguraasjekatedraal, dy't oan it ein fan de 16e iuw boud waard yn de tradysje fan de âlde arsjitektuer fan Soezdal. Wichtich binne de fresko's yn de katedraal út de lette 16e iuw. Yn 1766 waard it kleaster yn opdracht fan Katarina II ek in finzenis foar politike en religieuze dissidinten.

Yn it ramt fan it 300-jierrich jubileum fan de Romanov-dynasty krige it kleaster op 16 maaie 1913 besite fan tsaar Nikolaas II mei syn fjouwer dochters.

Ek yn de Sovjet-tiid bleau it kleaster in plak dêr't politike tsjinstanners en foaroansteande geastliken finzen set waarden. Yn 1940 waarden nei de Sovjet-ynvaazje yn Poalen manskippen fan it Tsjechysk Legioen ûnder lieding fan Ludvík Svoboda yn it kleaster ynternearre. Nei it útbrekken fan de Twadde Wrâldkriich waard it in suveringskamp fan soldaten en ofsiers fan it Reade Leger dy't earder finzen nommen wiene troch de Dútsers. Op 1 jannewaris 1943 waard it kleaster in kamp foar finzennommen Dútsers, lykas Friedrich Paulus. Ek Dútske bûnsgenoaten, lykas Italjanen, Roemenen, Hongaren en Spanjaarden fan de Blauwe Divyzje, waarden hjir finzen set. Nei de oarloch wie it kleaster oant 1967 in weropfiedingskamp foar jonge kriminelen.

Fan ôf 1968 is it kleaster in museum.

Gebouwen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ofbyld Namme Foltôge yn
Suzdal Spaso-YevfimiyevMonastery Cathedral 9669.jpg Katedraal fan de Transfiguraasje fan de Hear 1594
Suzdal Spaso-YevfimiyevMonastery GateChurch 9444.jpg Poarte- of Ferkundigingtsjerke 17e iuw
Spaso-YevfimievMonasterySt.NicholasChurch.jpg Tsjerke fan de hillige Nikolaas 1669
Suzdal Spaso-YevfimiyevMonastery Zvonnitsa 9639.jpg Tsjerke fan de Berte fan Jehannes de Doper mei klokketoer 3e fearn 16e iuw
Spaso-YevfimiyevMonasteryRefectoryChurch.jpg Untsliepenistsjerke 16e iuw
Вид на Проездную и Юго-западную угловую башню от Свято-Покровского женского монастыря. Спас - panoramio.jpg Fortifikaasjes 17e iuw
Spaso-YevfimievMonasteryArchimandriteChambers.jpg Hûs fan de archimandryt 17e iuw
Spaso-YevfimiyevMonasteryMonkCells.jpg Sellen fan de muontsen 17e iuw/18e iuw
Suzdal Monastery of Saint Euthymius Dmitry Pozharsky's tomb IMG 0564 1725.jpg De yn 2009 wer opboude tombe fan Dmitri Michailovitsj Pozjarski (yn de Sovjet-tiid ferlern gien) 2009

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Vysotsky Monastery