Petrustsjerke (Garyp)
Petrustsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Tytsjerksteradiel | |
plak | Garyp | |
adres | Tsjerkepaed 18 | |
koördinaten | 53° 09' N 5° 57' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | PKN | |
patroanhillige | Petrus | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1838 | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 35650 | |
Webside | ||
Side PKN Garyp | ||
Kaart | ||
De Petrustsjerke is de eardere Herfoarme tsjerke fan Garyp en tsjintwurdich ien fan 'e twa tsjerken dy't de PKN-gemeente fan it doarp ryk is.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjintwurdige tsjerke ferfong in oarspronklik oan Sint-Piter wijde midsiuwske tsjerke, dy't nei in stoarm yn 1834 net mear renovearre wurde koe. Oan 'e tsjerke binne sûnt de bou yn 'e jierren 1834-1838 fierder gjin feroarings oanbrocht.
Yn 1887 keazen dûmny J. Wisse en de tsjerkeried foar de tsjerke-oarder fan 1619 en dêrmei waard Garyp in dolearjende gemeente. It rjochtsinnige Garyp loek lykwols oan 'e koartste ein oer it behâld fan 'e tsjerke en moast nei in rjochtsaak it gebou ôfstean en in eigen tsjerke bouwe.
Sûnt 1993 foarmen de Garypster grifformearden en herfoarmen in Samen-op-Weg-gemeente, dy't yn 2004 oergyng yn in federaasje. Letter fusearren de eardere Herfoarme en Grifformearde tsjerken ta ien PKN-gemeente.
Ynterieur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tsjin it 19e'-iuwske gebrûk yn krige de preekstoel út 1782 yn 'e nijbou in plak oan 'e súdlike muorre. Op 'e hoeken fan 'e kânsel binne foluten mei blêddekoraasjes oanbrocht. Op it foarste paneel is in wapen oanbrocht mei de wurden H.P. van Sminia 1782. De panelen ûnder oan 'e kûp binne fersierd mei palmtûkjes.[1]
Fan 'e twa hearebanken stamt ien út 1672. In grutte koperen kroanluchter is 18e-iuwsk.
It mechanyske oerwurk waard yn 1953 troch de klokkejitterij Van Bergen út Midwolda makke. Yn 'e toer fan 'e tsjerke hinget in klok út 1628 mei in diameter fan 105 sintimeter.[2]
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It ienmanualige oargel waard yn 1886 troch Bakker & Timmenga boud. Deselde oargelmakkerij fierde ek yn 2003-2004 in restauraasje fan it ynstrumint út. It is ien fan 'e lêste ambachtlike oargels dy't folslein fan Fryske makkelei is[3]
Krusen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op it hôf binne trije smei-izeren krusen mei herten út 1702, 1704 en 1705.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|