Peterhôf (stêd)
Peterhôf (stêd) | |
---|---|
De Grutte Kaskade fan Peterhôf | |
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Ruslân |
Federale stêd | Sint-Petersburch |
m | |
Sifers | |
Ynwennertal | 85.177 (2019) |
Oerflak | 48.30 km² |
Befolkingstichtens | 1.763,5 / km² |
Stêdekloft | |
Oar | |
Stifting | 1710 (foar it earst neamd yn 1705) |
Tiidsône | (UTC+3) |
Webside | peterhof.ru |
Peterhôf (Russysk: Петерго́ф), fan 1944 oant 1997 Petrodvorets, is mei in ynwennertal fan 85.177 (2019) in middelgrutte foarstêd fan de russyske stêd Sint-Petersburch. Peterhôf leit súdwestlik fan Sint-Petersburch oan de Nevabaai, it meast eastlike diel fan de Finske Golf.
De stêd is benammen bekend fanwegen it troch de russyske tsaren boude grutte paleizekompleks, dat yn 1723 oanlein waard en yn de tiid fan it Russyske Ryk tsjinne as simmerresidinsje fan de tsaren. It paleis, park en de histoaryske binnenstêd waarden yn 1990 op de list fan it wrâlderfgoed fan UNESCO set.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Peterhôf waard yn 1705 troch tsaar Peter de Grutte stifte. Yn it begjin koene de boaten dêr fertrekke om de tsaar nei it eilân Kotlin te farren. It plak waard ynearsten Piterhôf neamd, mar sûnt de jierren 1740 waard it Peterhôf.
Nei it oanlizzen fan in haven yn de jierren 1710 en de bou fan it paleis fan 1723 ôf ûnstie der in delsetting dy't yn 1762 offisjeel stedsrjochten krige. It paleizekompleks mei de parken en tunen waarden yn de 18e en 19e iuw grutter makke.
Nei it ynstoarten fan it keizerryk troch de Oktoberrevolúsje yn 1917 ferlearen de paleizen harren betsjutting as simmerresidinsje fan de tsaar en waarden se in museum.
Yn de Twadde Wrâldkriich lei de stêd yn de frontliny. It museumkompleks rekke slim skansearre, alhoewol't in soad fan de ynrjochting noch yn feiligens brocht wurde koe. De weropbou fan it museum duorre oant yn de jierren 1970.
Befolkingsûntwikkeling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Demografyske ûntwikkeling fan Peterhôf fan 1897 oant 2019 | ||||||||||||
Jier | 1897 | 1939 | 1959 | 1970 | 1979 | 1989 | 2002 | 2010 | 2019 | |||
befolking | 11.316 | 44.261 | 21.706 | 43.136 | 72.568 | 81.525 | 64.791 | 73.199 | 85.177 |
-
Paleistsjerke
-
Paleis mei de Simsonfontein
-
Liuwekaskade
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis:Peterhôf
|