Petrus- en Pauluskatedraal (Peterhôf)
Petrus- en Pauluskatedraal
Собор Петра и Павла</small | ||
bouwurk | ||
![]() | ||
lokaasje | ||
lân | ![]() | |
plak | ![]() | |
adres | Sankt-Peterburgskiy pr. 34 | |
koördinaten | 59° 52' N 29° 54' E | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | tsjerke | |
boujier | 1894-1904 | |
arsjitekt | Nikolai Sûltanov | |
boustyl | Neorussyske styl | |
oare ynformaasje | ||
hichte | 70 meter | |
kosten | 850.000 rûbel | |
offisjele webside | ||
spp-petergof.ru |
De Peter- en Pauluskatedraal (Russysk: Собор Петра и Павла; Sobor Petra e Pavla) is in russysk-otterdokse katedraal yn de Russyske stêd Peterhôf, in foarstêd fan Sint-Petersburch. De tsjerke hat in hichte fan 70 meter en heart ta de heechste otterdokse tsjerken fan de wrâld. De tsjerke leit in de buert fan it paleizenkompleks fan Peterhôf en waard tusken 1894 en 1904 boud. Sûnt 1975 foarmet it gebou ûnderdiel fan Ruslân's kultuererfskip.
Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1892 waard de opdracht jûn om in nije tsjerke yn Peterhôf te bouwen, ek al wiene der op dat momint al mear as tolve tsjerken yn Peterhôf. Foar it ûntwerp liet tsaar Aleksander III trije arsjitekten tekenje. Dêrfan waard it ûntwerp fan Nikolai Sultanov yn 1893 útkeazen.
Mei it útgraven fan de grûn foar de fûneminten waard yn 1894 úteinset. Op 6 augustus 1895 fûn de earste stienlizzing plak ûnder de nije tsaar Nikolaas II. Yn fjouwer jier tiid wie de rûge bou foltôge. Nochris trije jier moast der wurke wurde oan it stúkwurk en de ynstallaasje fan de ferwaarming. Yn de lêste twa jier waarden de fresko's oanbrocht en de ikonostaze makke.
Op 25 juny 1905 waard de katedraal yn oanwêzigens fan de keizerlike famylje ynwijd. De twa sydkapellen waarden op 10 septimber fan itselde jier oan Aleksander Nevski en de hillige Ksenia wijd.
De katedraal yn de Sovjet-tiid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De tsjerke waard yn 1935 troch de kommunistyske autoriteiten sluten. Der wiene ynearsten plannen de katedraal te slopen, mar sa fier kaam it net. Wol ferdwûnen de ikoanen, de rike dekoraasjes en oare saken. Yn de Twadde Wrâldkriich rekke de tsjerke slim skeind oan de muorren en de tintfoarmige koepels. Nei de oarloch waard it bouwurk yn gebrûk nommen as pakhûs. Doe waard it ynterieur fierder sloopt en it like der op dat de katedraal de ûndergong yn 'e mjitte gyng.
It herstel fan de katedraal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
In fierder ferfal waard tefoarren kommen, doe't in bedriuw de opdracht krige it uterlik fan de katedraal te rekonstruearjen. De echte restauraasje kaam lykwols pas fan de grûn yn 1989, doe't it gebou oerdroegen waard oan de Russysk-Otterdokse Tsjerke. Sûnt is ek it ynterieur wer yn syn hiele hear en fear rekonstruearre.
De katedraal docht tsjintwurdich wer folslein tsjinst as tsjerke. Under de sintrale koepel hawwe besikers in moai útsicht oer de omkriten fan Peterhôf.[1]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|