Peter de Jonge
Peter de Jonge | ||
politikus | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 18 maart 1952 | |
berteplak | Rilland-Bath | |
partij | PvdA | |
wethâlder fan Almeare | ||
amtsperioade | 1984 – 1988 | |
lândrost fan it Iepenbiere Lichem Súdlike Iselmarpolders (wnd.) | ||
amtsperioade | 1986 - 1988 | |
boargemaster fan Halsteren | ||
amtsperioade | 1988 - 1993 | |
boargemaster fan It Hearrenfean | ||
amtsperioade | 1993 - 2011 | |
foargonger | Herman Reinders | |
opfolger | Tjeerd van der Zwan | |
boargemaster fan Hegesân-Sappemeer | ||
amtsperioade | 2013 - 2018 | |
foargonger | Yvonne van Mastrigt | |
opfolger | gjint y.f.m. fúzje fan gemeente ta Midden-Grinslân |
Petrus Marinus Maria (Peter) de Jonge (Rilland-Bath, 18 maart 1952) is in Nederlânsk politikus fan de PvdA.
Wurkpaad
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Peter de Jonge hearde by de earste 100 ynwenners fan Almere en promovearre yn 1978 yn de Nederlânske taal en letterkunde. Yn Almere kaam er gau yn de pleatslike polityk. Yn 1977 waard er lid fan de Advyskommisje en fan 1978 oant 1984 siet er as PvdA-lid yn de Deistige Advyskommisje. Doe't Almere yn 1984 de status fan gemeente krige en dêrtroch net mear ûnder it Iepenbier Lichem Súdlike Iselmarpolders (OL ZIJP) foel, waard De Jonge wethâlder yn dy nije gemeente. Dêrneist wie er fan 1986 oant 1988 waarnimmend lândrost fan de Súdlike Iselmarpolders.
Yn 1988 waard er beneamd ta boargemaster fan de doetiidske Noard-Brabânske gemeente Halsteren. Dêrneist wie er yn 1992 in koarte tiid waarnimmend boargemaster fan Woensdrecht. Fan novimber 1993 ôf wie De Jonge mear as 17 jier boargemaster fan It Hearrenfean. Op 4 oktober 2010 makke er bekend dat er op 1 april 2011 syn funksje op It Hearrenfean opsizze soe yn ruil foar in funksje as adviseur fan wethâlders en gemeenten. De gemeente Hearrenfean hat Tjeerd van der Zwan foardroegen as nije boargemaster.
Begjin jannewaris 2013 waard De Jonge waarnimmend boargemaster fan de gemeente Hoogezand-Sappemeer, neidat partijgenoat Yvonne van Mastrigt lid wurden wie fan deputearre Steaten fan Grinslân. Syn boargemasterskip einige doe't de gemeente op 1 jannewaris 2018 opheft waard en opgie yn de fúzjegemeente Midden-Grinslân.