Springe nei ynhâld

Herman Reinders

Ut Wikipedy
Herman Reinders
politikus
Herman Reinders yn 1979
Herman Reinders yn 1979
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 19 juny 1937
berteplak Winterswyk
partij PvdA
boargemaster fan Gasselte
amtsperioade 19751984
boargemaster fan It Hearrenfean
amtsperioade 1984 - 1993
foargonger Henk Hellinga
opfolger Peter de Jonge

Herman Bernard Reinders (Winterswijk, 19 juny 1937) is in Nederlânsk politikus, boargemaster en direkteur.

Reinders, soan fan in gemeenteamtner yn Winterswijk, studearre maatskiplike geografy oan de Universiteit fan Utert. Nei syn ôfstudearjen keas er foar in karriêre by de oerheid. Hy wie lid fan de PvdA. Yn 1975 waard er beneamd ta boargemaster fan Drintske Gasselte. Yn 1984 waard er beneamd ta boargemaster fan It Hearrenfean. Yn 1993 einige er syn politike en bestjoerlike karriêre en waard sekretaris fan de Keamer fan Keaphannel yn Fryslân. Yn syn boargemasterskip fan Gasselte fersette er him tsjin it proefboarjen yn de sâltkoepels yn de grûn ûnder de gemeente Gasselte foar de opslach fan kearnôffal. De demonstraasje tsjin de opslach fan kearnôffal op 2 juny 1979 yn Gasselte luts grutte belangstelling en wie freedsum[1][2].

Reinders is offisier yn de Oarder fan Oranje-Nassau.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Aksjes tsjin kearnenerzjy 1960-2006
  2. Herman Reinders: na negen jaar bestuurlijk uitgekeken - Leeuwarder Courant, 15 maart 1984 (fia Delpher)