Peter Timofeeff

Ut Wikipedy
Peter Timofeeff
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
persoanlike bysûnderheden
echte namme Jan-Pieter Timofeeff
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 29 maart 1950
berteplak De Haach (Súd-Hollân)
etnisiteit Nederlânsk
Russysk
wurkpaad
wurksum as meteorolooch, waarman
medium tillefyzje
wurksum by NOS, RTL
bekend fan NOS Sjoernaal
Weer en Verkeer (by RTL 5)
jierren aktyf 1997 – no
offisjele webside
gjint

Peter Timofeeff (folút: Jan-Pieter Timofeeff; De Haach, 29 maart 1950) is in Nederlânsk meteorolooch fan mingd Nederlânsk-Russysk etnysk komôf, dy't oarspronklik bekendheid krige as waarman by de NOS. Behalven op 'e tillefyzje is er ek aktyf as ûndernimmer, bestjoerder en gemeenteriedslid foar in lokale partij.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Komôf[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Timofeeff waard yn 1950 berne yn De Haach as de soan fan in Russyske heit en in Nederlânske mem. Syn efternamme fan syn famylje waard oarspronklik stavere as "Timofejev". Syn oerpake soe in kosak west hawwe. Syn pake (1892-1962) wie ûnder de Earste Wrâldoarloch as sjauffeur yn 'e tsjinst fan it Russyske Keizerlik Gesantskip yn De Haach, en koe nei de Russyske Revolúsje fan 1917 net mear werom nei syn heitelân.

Karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't er in HTS-jûnsoplieding wege- en wetterbou ôfrûne hie, fûn Timofeeff wurk by it KNMI yn De Bilt, dêr't er oplaat waard ta meteorolooch. Om 1990 hinne krige er bekendheid as waarman yn it NOS Sjoernaal, en letter fersoarge er yn it Feriene Keninkryk in pear jier lang de oplieding fan waarlju foar The Weather Channel. Nei't er yn 1997 weromkeard wie yn Nederlân wied er jierrenlang yn 'e tsjinst by RTL, dêr't er û.m. op RTL 5 it waarbulletên fersoarge yn it programma Weer en Verkeer.

Yn 2003 wurke Timofeeff as saakkundige op it mêd fan wetter, miljeu en ferkear mei oan 'e Postbus 51-kampanje Nederland Leeft met Water. Dêrnjonken wied er gauris yn in ferskaat oan telefyzjeprogramma's te sjen, wêrûnder ek as panellid yn amusemintsprogramma's. Fanôf oktober 2013 liedt Timofeeff nije waarlju op by RTL.

Oare beuzichheden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Njonken syn tillefyzjewurk is Timofeeff ek aktyf yn 'e lokale polityk, as gemeenteriedslid foar de lokale partij SEYST.nu yn 'e gemeente Seist. Fierders sit er sûnt 1999 yn it bestjoer fan 'e Stifting Bysûndere Help foar Leukemy Pasjinten (BHVLP.nl), fanôf 2000 as foarsitter. Ek runt Timofeeff in eigen advysburo.

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Timofeeff sleat yn 2006 syn twadde houlik troch yn Las Vegas mei Elisabeth Adrians te trouwen. Ut syn earste houlik hat er ferskate bern; syn jongste dochter Sylvia is ien fan 'e ynterviewden yn it boek fan Gean Ockels Dit Boek Gaat Niet over Mijn Vader: Ervaringen van Dochters van Bekende Nederlanders, dat yn 2014 publisearre waard. Peter Timofeeff waard yn 2004 en nochris op 12 septimber 2014 troffen troch in oerhaal.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.