Springe nei ynhâld

Pearson PLC

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Pearson VUE)
Pearson PLC
algemien
hist. namme S. Pearson & Son
nasjonaliteit Britsk
type publyk
sektor útjouwerij, ûnderwiis
haadkertier Londen (Ingelân)
oprjochte 1944
oprjochter Samuel Pearson
eigner oandielhâlders
dochters sjoch ûnder difyzjes
sifers
omset £4,9 miljard (2014)
winst £470 miljoen (2014)
wearde £11,4 miljard (2014)
aktyf yn ±50 lannen
wurknimmers 36.000 (2014)
offisjele webside
www.pearson.com

Pearson PLC (folút: Pearson Public Limited Company; wat likernôch "Pearson N.V." betsjut), of koartwei Pearson, is in Britske útjouwerij dy't fêstige is yn Londen. It is de grutste produsint fan skoal- en oare learboeken en fan digitale lesmetoaden fan 'e wrâld; hat dêrnjonken de Financial Times Group yn eigendom, in wichtige en tige foaroansteande útjouwerij fan finansjeel-ekonomyske kranten en tydskriften; en besit dêropta in belang fan 47% yn Penguin Random House, wrâlds grutste útjouwerij fan fiksje en non-fiksje.

Pearson waard yn 1844 yn it Noardingelske Yorkshire opjochte as in timmerbedriuw troch Samuel Pearson, ûnder de namme fan S. Pearson & Son. Yn 1880 kaam syn pakesizzer, de yngenieur Weetman Dickinson Pearson, oan it roer fan it bedriuw te stean, dy't it yn 1890 nei Londen ta ferhuze en it ta ien fan 'e grutste boubedriuwen fan 'e wrâld makke. Pearson wie û.m. tusken 1892 en 1897 ferantwurdlik foar de oanlis fan 'e Blackwall Tunnel, by Londen, ûnder de rivier de Teems troch.

Fan 'e Earste Wrâldoarloch ôf begûn Pearson syn wurkmêd út te wreidzjen troch belangen yn ûndernimmings út oare sektoaren oan te keapjen. Sa hie it bedriuw tusken 1919 en 1999 in belang fan úteinlik 50% yn 'e ynvestearringsbank Lazard Brothers, en yn 1921 waarden in stikmannich pleatslike dei- en wykblêden yn it Feriene Keninkryk oankocht, dy't gearbrocht waarden yn 'e Westminster Press-groep. Yn 1957 folge de oankeap fan 'e lanlike krante de Financial Times, en teffens waard in belang fan 50% yn in oare nasjonale krante, The Economist, oanskaft. Fierdere wichtige oankeapen wiene de algemiene útjouwerijen Longman (1968) en Penguin Books (1970), en de berneboeke-útjouwerij Ladybird Books (1986).

It Londenske haadkertier fan Pearson PLC.

Yn 'e njoggentiger jierren kocht Pearson ferskate bedriuwen en belangen yn bedriuwen op it mêd fan tillefyzje en tillefyzjeproduksje, wylst it de net-mediadifyzjes, lykas de bousektor en de bankêre belangen, fan 'e hân die. Westminster Press waard yn 1996 ferkocht oan Newsquest. Oan 'e oare kant waarden de belangen yn 'e ûnderwiisútjouwersbrâns krekt fuortsterke mei de oankeap fan 'e ûnderwiisdifyzje fan HarperCollins, yn 1996 (fan News Corporation), en dy fan Simon en Schuster, yn 1998 (fan Viacom). Dy beide dielbedriuwen waarden doe gearfoege mei Pearson syn eigen ûnderwiisdifyzje, Addison-Wesley Longman, ûnder de namme Pearson Education.

De tillefyzjebelangen waarden yn 'e jierren 2000 wer fan 'e hân dien, mar yn 2007 waarden de ûnderwiisdifyzjes Harcourt Assessment en Harcourt Education International oernommen fan Reed Elsevier. Nei noch ferskate oare oankeapen op dat mêd waard de difyzje Pearson Education yn 2013 opspjalte yn Pearson School, foar leger en middelber ûnderwiis, en Pearson Higher Education, foar heger ûnderwiis.

Yn 2012 sleat Pearson in oerienkomst mei syn Dútske konkurrint Bertelsmann AG. Dêrby waard fêstlein dat de Penguin Group, de algemiene útjouwersdifyzje fan Pearson, in joint venture oangean soe mei de Amerikaanske útjouwerij Random House, in difyzje fan Bertelsmann. De útfiering fan dat kontrakt krige yn 2013 syn beslach, en it nije bedriuw kaam Penguin Random House te hjitten. Mei't sawol de Penguin Group as Random House al ta de seis grutste útjouwerijen fan 'e Ingelsktalige wrâld hearden, is Penguin Random House in abslute reus yn útjouwerslân. Pearson hat in belang fan 47% yn it bedriuw, wylst de oare 53% yn it besit fan Bertelsmann is.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.