Paul Nowee
Paul Nowee | ||
skriuwer | ||
Paul Nowee (1967) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 25 juny 1936 | |
berteplak | De Haach | |
stoarn | 30 septimber 1993 (57 jier) | |
stjerplak | De Haach | |
wurk | ||
taal | Nederlânsk | |
sjenre | jeugdboeken | |
bekendste wurk(en) |
Arendsoog-rige | |
útjouwer | Malmberg | |
jierren aktyf | om 1958-1993 | |
offisjele webside | ||
gjin |
Paul Nowee (De Haach, 25 juny 1936 - dêre, 30 septimber 1993) wie in Nederlânsk sjoernalist en skriuwer fan berne- en jeugdboeken.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nowee waard berne as soan fan de haadûnderwizer Jan Nowee en Alida Maria van der Lem. Nowee wie de achste yn in húshâlding mei fjirtjin bern. Heit wie de skriuwer fan de searje Arendsoog. Doe't dy yn 1958 weirekke liet er in net ôfmakke manuskript nei, it tweintichste diel yn de searje Arendsoog. Soan Paul - doe 22 jier - besleat dat manuskript dien te meitsjen. De útjouwerij fan de rige, Malmberg yn De Bosk, besleat mei de jonge Nowee yn see te gean. Nowee foege noch 43 dielen oan de rige ta. Ynearsten kombinearre er de skriuwerij mei syn wurk as sjoernalist fan de GPD. Nei 6 jier joech er syn baan as sjoernalist oer en wijde him hielendal oan it skriuwerwêzen. De searje waard in grut sukses. Yn desimber 1973 krige Nowee fan Malmberg in gouden boek by gelegenheid fan de 3-miljoenste Arendsoog útrikt.[1] De boeken waarden oerset yn it Dútsk, Sweedsk, Finsk en Italjaansk. Nowee jr. skreau ek in stikmannich stripferzjes fan Arendsoog, ûnder oare foar it jeugdblêd Pep.
Nowee wie net troud. Hy stoar yn 1993 mei 57 jier yn syn wenplak De Haach, dêr't er ek beïerdige waard op begraafplak Sint Petrus Banden. Yn de wike fan syn ferstjerren ferskynde diel 63 fan de Arendsoogrige.
Strjitnammen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Wageningen waard de Noweestraat nei Jan en Paul Nowee neamd. Twa oare strjitten yn Wageningen waarden nei de twa haadpersoanen fan de troch him skreaune rige ferneamd, it Pad van Arendsoog en it Pad van Witte Veder.
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Paul Nowee skreau 44 dielen fan de berneboekerige Arendsoog.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Paul Nowee fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Noat
|