Pep
Pep wie eartiids in bekend Nederlânsk stripwykblêd dat ferskynde fan 1962 oant 1975.
It tydskrift
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De earste Pep ferskynde op 6 oktober 1962 en waard troch de De Geïllustreerde Pers útjûn. Op de foarkant stie in ôfbylding fan Mickey Mouse en Kuifje dy't elkoar de hân skodzje. Op de earste side wurdt útlis jûn oer de namme Pep dat Ingelsk is foar pit, fjoer, faazje en libbenssin. Pep is dêrom in blêd mei "pep".
Ynearsten befette de Pep benammen Belgyske en Frânske strips lykas Kolonel Clifton (Raymond Macherot), Michel Vaillant, Dan Cooper (Edition Lombard), Hoempa Pa (Goscinny en Uderzo) en Kuifje (Hergé), en Walt Disney-strips as Spin en Marty, Pietje Pech en Mickey Mouse.
Nûmer 1 fan 1970 begûn mei in nije formule: in nije kop, tsjokker blêd (fan 32 nei 48 siden) en foaral mear omtinken foar Nederlânske tekeners. Agent 327 fan Martin Lodewijk en De Generaal fan Peter de Smet makken yn Pep harren debút. Oare wichtige bydragen kamen fan Dick Matena (De Argonautjes), Fred Julsing (Wellington Wish) en Willy Lohmann (Kraaienhove).
Njonken strips stienen der yn de Pep ek koarte ferhalen, in part dêrfan waard fraai yllustrearre troch Hans G. Kresse. Fierders wie der in brieverubryk, advertinsjes, puzels, ynterviews en ynformative artikels oer fan alles en noch wat.
Begin santiger jierren rûn it tal lêzers stadichoan tebek. Der waard sleutele oan de formule en sûnt nûmer 22 fan 1974 gong it oantal "gewoane" siden werom fan 48 nei 32 en siet yn alle nûmers de Peptoe. De Peptoe wie in ynnite swart-wyt katern fan 20 siden op goedkeap papier mei ien folslein stripferhaal. Dêryn ferskynden nije strips as Conan, Rahan, en Ton en Tinneke. Letter ferdwûn de Peptoe wer, de lêste siet yn nûmer 17 fan 1975. Lykwols wie nûmer 39 fan 1975 de lêste Pep dy't ferskynde. Troch in fúzje fan twa grutte útjouwerijen, De Geïllustreerde Pers en Spaarnestad (útjouwer fan û.o. Sjors) waarden dizze twa stripblêden yn septimber 1975 gearfoege ta in nij blêd: Eppo.
Relatearre stripboeken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Pep joech ek boekjes út dy't de PEP parade hieten, tusken 1969 oant 1974 binne dêrfan tsien ferskynd. Fierders waarden fan guon stripferhalen út de Pep albums útjûn yn de rige Pep Stripoteek .