Paraskevatsjerke (Kazan)
Paraskevatsjerke
Пятницкая церковь | ||
Lokaasje | ||
lân | Ruslân | |
republyk | Tatarstan | |
plak | Kazan | |
koördinaten | 55° 47' N 49° 06' E | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1728 | |
boustyl | barok | |
monumintale status | Regionaal monumint | |
monumintnûmer | 161711003350005 | |
Kaart | ||
De Tsjerke fan de hillige grutte martler Paraskeva Pjatnitsa (Russysk: Храм святой Параскевы Пятницы) is in tsjerkegebou fan 'e Russysk-Otterdokse Tsjerke tichteby it kremlyn yn Kazan, Ruslân.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oarspronklik stie op it plak in, oan Nikolaas fan Zaraisk wijde, houten tsjerke út 1566, mei in sydkapel dy't wijd wie oan 'e hillige Paraskeva. De grutte stedsbrân fan 1579 ferneatige mei it hiele noardeastlike diel fan 'e posad ek dy houten tsjerke.
De hjoeddeiske tsjerke waard yn 1728 op kosten fan 'e lekkenfabrikant Ivan Afanasevitsj Michljaev foar syn arbeiders boud, doe de rykste yndustrieel fan Kazan. De tsjerke grinzge oan it Bogoroditski-kleaster en hie foar de haadsaak earme parochianen. Dêrom stie it kleaster altiten noed foar de tsjerke.
Oant it begjin fan 'e 19e iuw baarnde de tsjerke by de stedsbrannen ferskate kearen hielendal út en bleaune allinne de muorren stean.
Alhoewol't it haadalter wijd wie oan 'e Epifany, neamden de minsken de tsjerke yn 'e regel Paraskevatsjerke.
Sovjettiid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke tsjinne fan 1923 oant 1937 as de katedraal fan 'e revationisten. In soad hillichdommen fan troch de autoriteiten sletten en ferneatige tsjerken en kleasters waarden mei tastimming fan 'e bolsjewiken nei de Paraskevatsjerke brocht en sa waard de tsjerke in soarte fan tsjerkemuseum.
Nei it sluten fan 'e tsjerke yn 1937 waard de tsjerke brûkt om minsken finzen te setten, dy't nei de feroardieling nei de kampen stjoerd waarden. As der in deafonnis foel waard de eksekúsje noch op itselde plak útfierd. It slachtoffer waard yn of om 'e tsjerke begroeven.
Yn 'e jierren 1950 folge de ôfbraak fan 'e klokketoer en de tsjerke ferfoel aloan mear.
Weromjefte
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei de fal fan 'e Sovjet-Uny waard de tsjerke yn 1993 oerdroegen oan it Ministearje fan Kultuer fan 'e Republyk Tatarstan. Doe waard der útein set mei in restauraasje mei it doel om yn it gebou in ikoanemuseum ûnder te bringen, mar yn 'e twadde helte fan 'e jierren 1990 folge in weromjefte oan it bisdom fan 'e Russysk-Otterdokse Tsjerke. It bisdom wiisde de tsjerke ta oan 'e Tsjûvasjen, in Turksk folk dat otterdoks-kristlik is.
De yn 'e Sovjettiid ôfbrutsen klokketoer waard yn it jier 2000 wer opboud. Yn 2008 waard op 'e noardwestlike hoeke fan 'e tún fan 'e tsjerke in kapel boud.
Massagrêven
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sûnt de restauraasje fan 'e tsjerke waarden yn en om 'e tsjerke de massagrêven fan 'e politike ûnderdrukking yn 'e Sovjettiid bleatlein. De omskotten fan 'e slachtoffers waarden ynearsten op 'e nij begroeven op it Samosirovski-tsjerkhôf, mar op 17 maaie 1999 fûnen mear as 400 minsken harren lêste rêstplak by de tsjerke. Nei in routsjinst troch de preester waard oer it grêf in betinkingskrús ûntbleate, folge troch in grêfkapel yn 2004.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Храм святой Параскевы Пятницы (Казань)
|