Pankratiustsjerke (Diever)
Pankratiustsjerke
Pancratiuskerk | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Drinte | |
plak | Diever | |
adres | Hoofdstraat 45 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | tsjerke: 12e-15e iuw toer 12e iuw | |
boustyl | Romanogotyk | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 12902 (tsjerke) Ryksmonuminten | |
offisjele webside | ||
Herfoarme gemeente Diever |
De Pankratiustsjerke oan de Hoofdstraat yn it Drintske doarp Diever is in herfoarme PKN-tsjerke. De tsjerke wie foar de reformaasje wijd oan de hillige Pankratius en is ien fan de âldste tsjerken fan Drinte.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De skiednis fan de tsjerke giet werom op de 9e iuw. Letter makke de houten tsjerke plak foar in romaanske tsjerke fan dowestien. Yn de 14e iuw waard it rûnsletten koer ferfongen troch in goatysk, mearsidich koer. De romaanske tsjerke waard yn de 15e iuw stadichoan yn goatyske styl ferboud en útwreide mei in twadde skip op de súdlike kant mei in eigen sealtek, werby't yn de ûnderste dielen de frijkommende dowestiennen op 'e nij brûkt waarden. It súdlike sydskip wurdt ôfsletten mei de trijesidige Marijekapel
It ûnderste diel fan de toer is 12e-iuwsk, de ferheging fan bakstien is 14e-iuwsk.
Yn 1759 waard de tsjerke troch de bliksem troffen mei in fûle brân as gefolch. De ferwulften waarden by de restauraasje fan de jierren 1950 wer rekonstruearre.
Ynterieur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De preekstoel yn de tsjerke is 18e-iuwsk, lykas ek de hearebank. Yn de toer hingje twa klokken. De âldste waard yn 1764 troch J. Borchhardt getten. It mechanysk oerwurk datearret fan 1656. It koer en de tsjerke hawwe stiennen ferwulften. It brânskildere raam yn it koer waard yn 1940 ynbrocht.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oargel waard yn 1845 troch Petrus van Oeckelen foar de tsjerke fan Tjamsweer, Grinslân. Doe't dy dêr in nij oargel boude, dat yn 1880 troch syn soannen foltôge waard, ferhûze it âlde oargel nei de herfoarme tsjerke fan Diever, dêr't de bruorren Van Oeckelen it oargel yn 1882 wer opbouden. Yn it ramt fan de restauraasje fan de tsjerke healwei de jierren 1950 waard it oargel opslein en neitiid wer troch L. Rinkema opboud. De oargelkas waard by dy gelegenheid wyt skildere. Mense Ruiter restaurearre it oargel yn 1992. De kosten foar de restauraasje waarden by inoar brocht troch in subsydzje en de befolking fan Diever, sawol tsjerklik as net-tsjerklik. De Grinslânske oargelbouwer brocht de oargelkas wer yn de oarspronklike kleur en foege in Cornet yn de discant ta. Ek it balkon waard op 'e nij skildere en de draachpylders op 'e nij moarmere. It oargel hat ien manuaal, tsien registers en in oanhongen pedaal.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|