Springe nei ynhâld

Pander S-4 Postjager

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Panderjager)
Pander S-4 Postjager

De Pander S-4 Postjager of Panderjager wie in Nederlânske trije-motorige postfleanmasine út de 30er jierren fan de 20e iuw, ûntwurpen en boud troch meubel- en fleanmasinefabryk Pander & Soan yn De Haach. Der waard mar ien fan makke en dy gie ferlern yn de MacRobertson loftrace.

Untwerpskiednis

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De S-4 waard ûntwurpen troch Theo Slot as in flugge postfleanmasine foar de tsjinst tusken Nederlân en Nederlânsk-Ynje. It wie in leechdekker, oandreaun troch trije 420 hk Wright Whirlwind stjermotoren. It tastel hie in ynlûkber lâningsgestel en in sturttsjel. De S-4, registrearre as PH-OST, makke syn earste flecht op 6 oktober 1933.

Operasjonele skiednis

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Desimber 1933 makke it tastel in postflecht nei Batavia; in rekordflecht koe it net mear wurde doe't al yn Grottaglie (Súd Itaalje) in needlâning makke wurde moast fanwege in defekte motor. Yn 1934 die de S-4 mei oan de MacRobertson Air Race fan Londen nei Melbourne. Der waard út einset op fleanfjild Mildenhall yn Ingelân op 20 oktober 1934 en nei 36 oeren kaam de S-4 yn Allahabad, Yndia, oan. Omdat it lâningsgestel skea oproan hie by de lâning ferlear men dêr tiid. 26 oktober wie it tastel wer fleanree, mar by yn de oanrin fan it opstigen waard in trekker mei sykljocht rekke, it tastel fleach yn de brân en gie ferlern. De bemanning koe it tastel op tiid ferlitte.

[1]

Algemien
  • Bemanning: 3
  • Lading: 500 kg
  • Lingte: 11 m
  • Spanwiidte: 16.4 m
  • Hichte: 2.9 m
  • Fleugeloerflak: 46 m² [2]
  • Maks. fleangewicht: 5000 kg
Motor
Prestaasjes
  • Maks. faasje: 370 km/o
  • Krúsfaasje: 300 km/o
  • Plafond: 5.400 m.
  • Fleanberik: 2.430 km

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Flight 5 oktober 1933, s. 992.
  2. Flight 18 oktober 1934, s. 1082.