Theo Slot
Theodorus Egbert Slot (Arnhim, 26 jannewaris 1895 - Foarburch, 5 oktober 1949) wie in Nederlânske fleantúchbouwer dy 't benammen bekend wurden is om syn ûntwerp fan de Pander S-4 Postjager en as ûntwerper fan it earste Nederlânske fleantúch mei noastsjel, de Scheldemusch.
It begjin en ûnôfhinklikens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Theo Slot begûn as lid fan de Haagsche Proefvliegclub, dêr't Joop Carley sekretaris wie. Tegearre mei Carley en Coen van Dijk begûnen se mei de ombou fan in Bleriot fan Josephus Jitta. Mar dat waard gjin sukses. Theo Slot gie oan't wurk by fleantúchfabrikant Spyker en om 1918 waard er oproppen foar tsjinstplicht, dy't er ferfolle op Marinefleankamp De Mok op Teksel.
Yn 1917 hiene Theo Slot en Joop Carley de ynboel fan Hein van der Burgs fleanskoalle yn Gilze-Rijen oernommen. De nije fleanskoalle gie fan start yn Ede, mar moast yn 1922 fanwege fallisemint slute. Joop Carley rjochte, nei in koart aventoer by de NVI, yn itselde jier in fleantúchfabryk op yn Rijswijk. Theo Slot kaam dêr ek wurkjen as wurktúchkundige. It fabryk waard oernaam troch de manlju fan de VIH en waard omneamd yn Carley's Aeroplanes. Joop Carley krige lykwols al gau dien wêrnei't Theo Slot fierder gie mei de ûntwikkeling fan de Holland H-1. Ek ferbettere Theo hjir de Carley C.12 ta de Holland H-2. Yn dizze perioade trout Theo Slot mei Aaltje Schoeman (7 maaie 1925) en sy krije úteinlik trije soannen. Nei in jammerdearlik mislearre fleantoer moast de VIH syn doarren yn 1925 slute en waard de ynboel en ek Theo Slot oernaam troch Pander dêr't Theo Slot syn namme yn de loftfeartskiednis fêstigje koe.
Pander
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Theo Slot begûn by Pander as konstrukteur en einige as manager fan it konstruksjeburo. Syn earste opdracht wie in ferbettere ferzje fan Holland H -2, de Pander D. Dêrnei folge it suksesfolle sportfleantúch, de Pander E. Wer letter de Pander P -1, P -2 en Multipro. Mar it meast bekend is Pander en Theo Slot wurden mei syn ûntwerp fan de Pander S .4 Postjager, Slot syn iennichste werklik ûntwikkele fleantúch mei mear as ien motor.
De bou fan dit tastel waard yn gong set troch Dick Asjes, neidat der krityk kaam op de tragens fan de postflechten. Hy beweegde Pander om in spesjaal fleantúch te meitsjen foar de post. Dit waard de S .4 bekend as de Postjager of Panderjager (mar letter ek as Pechjager). Yn oktober 1933 soe dit fleantúch syn rekôrflecht meitsje moatten hawwe nei Nederlânsk-Ynje, mar begûn syn flecht pas yn desimber fan datselde jier. It moast in needlâning meitsje yn Italië. Uteinlik kaam it oan yn Batavia nei 72 oeren en 20 minuten. Ienkear werom yn Nederlân fleach it fleantúch mei yn 1934 yn de Melbourne race. By de tuskenlâning yn Allahabad (Yndia) klapte in part fan it lâningsgestel yninoar. Nei't dit reparearre wie, rekke it tastel by de start in trekker en baarnde it folslein út. De ynsittenden koene harren yn feilichheid bringe.
It Panderfabryk kaam it Postjagerfiasko net te boppe en moast yn 1934 de doarren slute. De ynboel en konstrukteur Theo Slot setten ôf nei De Schelde Scheepswerf yn Flissingen dêr't er de Scheldemusch ûntwurp. In lichtgewicht sportfleantúchje mei noastsjel, basearre op de doetiids populêre Pou-de-Ciel. Hy helle yn dit fleantúch syn fleanbrevet op 20 maaie 1936. Foar De Schelde ûntwurp er noch in tal fleantugen oant er fanwegen in konflikt yn 1940 mei "betiid pinsjoen" gie.
Yn 1948 waard Theo Slot technysk adviseur by Frits Diepen Vliegtuigen op Fleanfjild Ypenburg. Hy krige lykwols in autoûngelok yn Ingelân en yn de perioade fan opbetterjen ferstoar er te Voorburg.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|