Panama City (Floarida)
Panama City | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Floarida | |
County | Bay County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 36.484 (2010) | |
Oerflak | 91,8 km² (ynkl. wetter) 75,8 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 400 / km² | |
Stêdekloft | 168.852 (2010) | |
Hichte | 8 m | |
Oar | ||
Stifting | <1900 | |
Tiidsône | UTC-6 | |
Simmertiid | UTC-5 | |
Koördinaten | 30°10′28″N 85°39′52″W | |
Offisjele webside | ||
www.pcgov.org | ||
Kaart | ||
De lizzing fan Panama City yn Bay County en yn 'e steat Floarida. |
- Dizze side giet oer de stêd yn Floarida. Foar de haadstêd fan Panama, sjoch: Panama-Stêd.
Panama City is in stêd yn it noardwesten fan 'e Amerikaanske steat Floarida. It moat net betize wurde mei de de lyknammige haadstêd fan Panama, dêr't it nei ferneamd is. Panama City is it haadplak fan Bay County, en leit yn 'e Florida Panhandle, oan 'e saneamde Smaragdkust (Emerald Coast) fan 'e Golf fan Meksiko. Yn dy krite is it it grutste plak is tusken de steatshaadstêd Tallahassee en de havenstêd Pensacola yn. Panama City hie neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 doe goed 36.000 ynwenners, wêrmei't it de grutste wenkearn is yn 'e stêdekloft fan Panama City-Lynn Haven, dy't in befolking hat fan krapoan 170.000 minsken.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Panama City waard oan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw stifte ûnder de namme Harrison. In lânûntwikkelder dy't fan George Mortimer West hiet, joech yn 1903, doe't de orizjinele Panama City yn 'e Feriene Steaten oates en toates yn it nijs wie fanwegen de oanlis fan it Panamakanaal, de oandriuw om it plakje om te neamen. Hy hope dêrmei de belangstelling oan te fiterjen foar perselen grûn dy't er te keap hie. As rasjonalisaasje foar de nammeferoaring waard oanfierd dat Panama City op in rjochte line lei tusken Chicago en de Panameeske haadstêd.
Yn 1909 krige Panama City stedsrjochten. Doedestiden folgen de stedsgrinzen wat no Highway 98 yn it noarden, Balboa Avenue yn it westen en Bay Avenue yn it easten binne. In jier letter, yn 1910, hie it stedsje noch altyd mar 422 ynwenners, mar yn 'e earste helte fan 'e tweintichste iuw woeks de befolking fluch oan, mei 1.700 ynwenners yn 1920, 5.400 yn 1930, 11.600 yn 1940, krapoan 26.000 yn 1950 en goed 33.000 yn 1960. Tusken 1960 en 1970 naam it ynwennertal lichtsjes ôf, en sûnt hat de groei mar mûltsjesmaat west. Panama City rûn swiere skea op en de bebouwing by it strân lâns waard frijwol hielendal mei de grûn lyk makke, doe't de orkaan fan 'e fyfde kategory Michael der op 10 oktober 2018 oan lân kaam.
Ekonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wichtichste wurkjouwers yn Panama City binne Gulf Power, Eastern Shipbuilding, Rock-Tenn en Arizona Chemical. Ek de Amerikaanske Striidkrêften soargje foar frijwat wurkgelegenheid, mei't de Loftmachtbasis Tyndall fuort beëasten Panama City leit en de Amerikaanske Marine yn 'e haven fan 'e stêd in treningsfasiliteit ûnderhâldt.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Panama City 16,3% âlder as 65 jier en 20,7% jonger as 18 jier. Fierders bestie 47,1% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst neffens gegevens út 2000 17,2% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 66,5% blanken; 22,0% swarten; 5,1% Latino's; 1,6% Aziaten; 0,1% Yndianen; 4,7% oaren of fan mingd etnysk komôf.
Klimaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Panama City hat in fochtich subtropysk klimaat, mei lange, hjitte en neare simmers en koarte, mylde winters. Yn july, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 32,3 °C, en yn jannewaris, de kâldste moanne, is dat 17,4 °C. Panama City kriget jiers trochinoar 1.552 mm delslach. De stêd leit yn 'e gefaresône foar orkanen; de lêste dy't deunby kaam wie de orkaan Earl, yn 1998.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |