Pakhûs Burmania

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Pakhûs Burmania
Pakhuis Burmania
Voorgevel - Leeuwarden - 20132730 - RCE.jpg
lokaasje
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Frisian flag.svg Fryslân
gemeente Flagge fan Ljouwert (gemeente).png Ljouwert (gemeente)
plak Flagge fan Ljouwert.png Ljouwert (stêd)
adres Eastersingel 64
bysûnderheden
type bouwurk pakhûs
boujier 1876
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 24333

It Pakhûs Burmania is in earder pakhûs yn 'e Fryske haadstêd Ljouwert. It waard boud yn 1876, en it stiet oan 'e Eastersingel, oan it wetter fan 'e Easter Stedsgrêft, dêr't it goed berikber wie foar de binnenfeart. Dat wie wichtich doe't it noch in funksje as pakhûs hie. It Pakhûs Burmania is no in ryksmonumint, dat yn 2018 fan binnen omboud waard om in tal apparteminten te húsfêstjen.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Pakhûs Burmania waard boud yn 1876, doe't der grutte bedriuwichheid bestie yn it gebiet tusken It Fliet en de Oldegalileeën. Oarspronklik die it tsjinst foar de opslach fan nôt. As nôtpakhûs wie it efterinoar yn gebrûk by de firma's De Vries, W.J. Nauta, Moalfabryk en Grutterij Burmania en Nôthannel B.C. Algra. Yn 1970 waard yn it gebou in antykhannel fêstige, en yn 1979 krige it in nije funksje as kantoargebou foar Reklameburo Weda.

Op 23 augustus 1983 krige it Pakhûs Burmania de status fan ryksmonumint. Dêrby wiene benammen de bûtenkant fan it gebou en de ûnbidich grutte kap fan histoaryske wearde, mei't it ynterieur al earder ferboud wie. Mids july 2018 ferliet Weda it gebou, en gie it oer yn 'e hannen fan in projektûnwikkeler. Dy naam it buro Adema Architecten yn 'e earm om der fyftjin hierapparteminten yn oan te lizzen, dy't útinoar rinne soene fan 65 oant 90 , ferdield oer alle seis ferdjippings.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Bosma, Willem, Appartementen in monumentaal pakhuis Oostersingel Leeuwarden, yn: de Ljouwerter Krante, 19 july 2018, s. 24.