Osingastate (Dronryp)

Ut Wikipedy
States yn en om Dronryp
It rinteniershûs yn 1982

Oer it ûntstean en de ferdwining fan Osingastate yn Dronryp is benei neat bekend. Der binne ek gjin nammen fan bewenners bekend.

Yn 1476 is der te Dronryp praat fan in Sicke Allartz Oedzinga dy't nei alle wierskyn Osinga State wenne. De “Tegenwoordige Staat van Friesland” fernijt om 1785: “Ozinga ligt in de buurt, doch is, na ’t afbreeken der huizinge, thans alleen een groote hovinge”. E.M. van Burmania wit lykwols al om 1750 hinne dat fan Osinga State ‘sûnt minskeheugenis’ neat oars mear oer is as in “een Hof, met een Gragt omringt”. Dy is der noch hieltyd en letter is der op it stee in staatlike rintenierswenning boud. Oan de boustyl te sjen is de went sa healwei de 19e iuw set. Op it terrein stean noch mear partikuliere wenten.

Om 1875 hinne krige Osingastate in tún yn de lette Ingelske lânskipsstyl neffens in ûntwerp fan Gerrit Vlaskamp.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]