Orlando Bottenbley

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Orlando Bottenbley
Orlando Bottenbley yn 2011
Orlando Bottenbley yn 2011
persoanlike bysûnderheden
echte namme Orlando Edgar Bottenbley
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 1951
berteplak Paramaribo
wurkpaad
berop/amt Predikant
reden
  bekendheid
Opbou Frije Baptistegemeente Bethel yn Drachten en oare plakken
offisjele webside
gjin


Orlando Edgar Bottenbley (Paramaribo, 1951) is in Nederlânske baptiste predikant fan de Frije Baptistegemeente Bethel yn Drachten. Bethel betsjut: 'Hûs fan God'. De tsjerkemienskip is ferneamd as ien fan de grutste en ien fan de fluchst groeiende fan Nederlân mei mear as 2000 leden en 750 bern.

Wurkpaad[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bottenbley op it poadium by in dooptsjinst yn 2014

Nei syn stúdzje teology oan it Bibelske ynstitút yn Belgje studearre Bottenbley fierder oan it Nederlânske grifformearde seminaarje en oan de Teologyske Universiteit Kampen.

Dêrnei hat er belutsen west by it stiftsjen fan baptistegemeenten yn Snits, It Hearrenfean en Frjentsjer. Hy wie op dat stuit predikant op De Lemmer. Yn 1988 waard hy beroppen as foargonger fan de Frije baptistegemeenten yn Drachten. Dat hat foar in groei soarge fan 60 nei mear as 2500 leden.

De baptistegemeente yn Drachten komt by elkoar yn in earder bedriuwsgebou op yndustryterrein 'De Haven'. Der wurdt tocht oan nijbou oan de râne fan Drachten. Ut Drachten wei is ek in gemeente stifte yn Grins, Dokkum en Ljouwert.

Yn 2006 ferskynde in boek oer Bottenbley mei de titel Orlando Bottenbley en de wide poarte fan de Bethel. It boek is in útjefte fan Utjouwerij Penn yn Ljouwert en is skreaun troch de Ljouwerter sjoernalist Gerko Last. Yn it boek besiket Last in ferklearring te jaan foar de groei fan de tsjerke fan Bottenbley. It tal leden wurdt alle moannen mei sa'n 40 grutter.

Op 13 oktober 2013 fierde Orlando Bottenbley syn 25-jierrich jubileum as predikant by de Frije Baptistegemeente Bethel. Yn de tsjinst waarden him de fersiersels dy't by by syn beneaming ta Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau hearre troch boargemaster Tjeerd van Bekkum fan Smellingerlân opspjelde. Dat feit waard bekritisearre, meidat de Betheltsjerke homoseksuële ferhâldingen en byinoar wenjen bûten it houlik ôfwiist.[1]

Yn april 2015 makke Bottenbley buorkundich dat er yn septimber 2016 ophâlde wol as predikant fan de Frije Baptistegemeente.[2] Goed in jier letter waard Jacob Folkerts fan Teksel as syn opfolger oanwiisd.[3]> Yn septimber 2017 swaaide Bottenbley definityf ôf as foargonger yn Drachten. Op dat stuit hie de tsjerke goed 4500 leden.[4] Sûnt is Bottenbley trije dagen yn'e wike ferbûn oan baptistegemeente De Verbinding yn Amsterdam.

New Faith Network[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ferhalen en wurden fan Bottenbley binne werom te sjen en te hearren fia ferskate digitale kanalen. Yn 2017 ferbûn er him bygelyks oan it online videoplatfoarm New Faith Network foar kristlike films, oertinkingen en searjes. Hy set dêr geregeldwei preken op en andert op fragen fan sjoggers.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Orlando Bottenbley fan Wikimedia Commons.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Kritiek op lintje voor dominee Bottenbley, Ljouwerter Krante, 15 oktober 2013
  2. Bethelkerk Drachten zoekt opvolger voor Orlando Bottenbley, rd.nl, 15 april 2015
  3. Ds. Folkerts opvolger van ds. Bottenbley, rd.nl, 17 maaie 2016
  4. Roem en eer zeggen Orlando Bottenbley niets meer, Nederlands Dagblad, 16 septimber 2017