Tjeerd van Bekkum
Tjeerd van Bekkum (Drachten, 16 novimber 1966) is in Nederlânsk bestjoerder en earder politikus fan de VVD.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Van Bekkum is hikke en tein yn Drachten en gie nei it Ichthus Kolleezje dêr 't er syn diploma helle. Hy studearre bedriuwskunde oan de Ryksuniversiteit Grins. Dêrnei wie er ûnder oaren warber as beliedsmeiwurker fan de VVD-fraksje yn de Twadde Keamer en as polityk adviseur fan de steatssekretaris fan ferkear en wettersteat. Yn 2002 waard er wethâlder fan de doetiidske gemeente Berkel en Rodenrijs, mar trije jier letter gie Van Bekkum werom nei it noarden fan Nederlân fanwege syn beneaming ta boargemaster fan de gemeente Mearum. Fan 13 septimber 2012 ôf wie er boargemaster fan de gemeente Smellingerlân.
Op 15 july 2017 ferruile er dy baan foar dy fan direkteur fan de organisaasje fan Kulturele haadstêd fan Jeropa 2018 Ljouwert.[1]
Yn septimber 2019 hold er op as direkteur fan Ljouwert-Fryslân 2018 en sûnt dy tiid is er aktyf as konsultant út syn eigen advysburo wei.
Sûnt maart 2019 is Van Bekkum foarsitter fan it Oranjewâld Festival[2].
Dêrneist is Van Bekkum aktyf as konsultant by Van Ede & Partners yn Swolle dêr't er him dwaande hâldt mei wurkpaadcoaching en krisismanagement. Fierder hâldt er him dwaande as begelieder mei retrêtes en is er sûnt 1 febrewaris 2021 saaklik lieder fan CityProms.
Koart foar de Twadde Keamerferkiezingen fan 2021 hat er syn VVD-lidmaatskip opsein.[3]
Van Bekkum is troud en hat twa soannen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|