Ooij (Berg en Dal)
Ooij | ||
Sicht op Ooij | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
provinsje | Gelderlân | |
gemeente | Berg en Dal | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 2.520 (2021)[1] | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 51° 51' 20" NB, 5° 55' 20" EL | |
Kaart | ||
Ooij is in doarp yn de gemeente Berg en Dal yn de provinsje Gelderlân.
De omkriten fan Ooij stie bekend om syn natuer. In hotel-restaurant yn Ooij wie jierrenlang de thúshaven foar de útstjoeringen fan Midas Dekkers.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It doarp waard foar it earst neamd yn 1081 as de Oge, en betsjut "lân by it wetter". Ooij ûntjoech him yn de iere midsiuwen op heger lizzende grûnen oan de Waal. De toer fan de Nederlânske Herfoarme Tsjerke datearret út de ein fan de 15e iuw. De tsjerke waard tusken 1856 en 1858 fannijs ynrjochte. Oant 1818 hearde it plak ta it Keninkryk Prusen.
Yn de midsiuwen wie Kastiel De Ooij it sintrum fan de hearlikheid Ooij. Kasteel Ooij waard foar it earst neamd yn 1184. Yn 1582 waard it troch Nijmegen yn'e brân stutsen. It waard fannijs boud en ferwoaste troch de Frânsen yn 1798. Dielen fan it kastiel binne noch oanwêzich.
Foar 1818 foarme Ooij tegearre mei Persingen de gemeente Ooij en Persingen.
Sûnt 2015 leit Ooij yn de gemeente Berg en Dal, dêrfoar lei it doarp yn de gemeente Ubbergen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|