Omkearwurdboek fan de Fryske taal

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Omkearwurdboek fan de Fryske taal
Omkearwurdboek fan de Fryske Taal.jpg
algemiene gegevens
auteur A. Dykstra en J. Reitsma
taal Frysk
sjenre wurdboek
1e publikaasje 1987 Ljouwert
1992 útwreide werprinting
oarspr. útjwr. Fryske Akademy, nr. 6799
kodearring
ISBN 90-6171-679-9

It Omkearwurdboek fan de Fryske taal is in omkeard wurdboek fan Fryske wurden. Yn in omkearwurdboek steane wurden yn de alfabetyske folchoarder fan de einichste letters. De wurden fan de wurdlist binne dus alfabetisearre fan efterút, ek wol 'retrograde wurdlist' neamd.[1] Sa steane bygelyks alle wurden dy't op -um einigje, ûnder elkoar.

Doel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Retrograde wurdlist

It boek is ornearre as helpmiddel by it bestudearjen fan de morfology fan it Frysk. Sa kin bygelyks neigien wurde watfoar gearstallingen der binne mei -hûs as twadde lid of hokker ôfliedingen mei -ich of -heid der binne, of hokker wurden bygelyks einigje op -keunst of -sân. [2] Retrograde wurdboeken kinne ek brûkt wurde as rymwurdboek of as puzelwurdboek by taalpuzels. Sa kin om in oplossingswurd socht wurde dêr’t allinnich de lêste letter fan bekend is.

It Omkearwurdboek fan de Fryske taal waard makke op basis fan 58.170 lemmata fan it Frysk Wurdboek diel 1 fan J.W. Zantema. De lemmata binne oanfold mei plaknammen en gemeentenammen.[3][4][5] Oars as by it gewoane wurdboeke wurde yn it Omkearwurdboek lettertekens mei diakrityske tekens beskôge as aparte karakters. Sa folgje nei ..-tún-bazún bygelyks ûn-bûn-... It boek fan 194 siden waard gearstald troch leksikograaf Anne Dykstra en Jogchum Dykstra fan de ôfdieling Taaldatabank fan de Fryske Akademy. Yn 1992 folge in útwreide werprintinge fan 470 siden.[6]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Th.Kooijman - Nieuw Handboek voor de puzzelaar; Van Holkema & Warendorf/Unieboek Houten (1988) ISBN 90 269 5001 2
  2. Van Dale Dr. Verschuyl omgekeerd puzzelwoordenboek (2008) ISBN 9789066488366
  3. Baggeraars en gijzelaars yn: Ljouwerter Krante, 11 jannewaris 1991
  4. Kent u mijnheer Cammincha?, yn: Ljouwerter Krante, 16 augustus 1991
  5. Anne Dykstra, Jogchum Reitsma en Willem Visser Omkearwurdboek fan de Fryske taal, útjouwer Fryske Akademy, Ljouwert (1987) ISBN 90-6171-679-9 6799 (1987) printe by Administratyf Sintrum Oostergo, Mitselwier Siso frie 831 UDC (038)=392=393.1+(038)=393.1=392 NUGI 503
  6. útjefte fan 1992: ISBN 90-6171-755-8