Omaha Beach
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Omaha Beach is ien fan de fiif strannen dêr't Alliearde troepen op 6 juny 1944, D-Day, yn de Twadde Wrâldkriich lannen en in begjin makken oan de befrijing fan West-Europa fan it nazydom. It wiene Amerikaanske troepen, dy't foar it Alliearde brêgehaad op Omaha Beach de trochbraak yn de Dútske linys forsearje moasten.
Tarieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De namme Omaha Beach is ûntliend oan de Amerikaanske stêd Omaha yn Nebraska. It lâningsgebiet westlik fan Omaha Beach krige as namme Utah Beach en de trije eastlik lizzende strannen Gold, Juno en Sword Beach. Omaha Beach wie mei 10 kilometer strân en oant 30 meter hege kliffen tusken de mûning fan de Vire by Vierville-sur-Mer en de lytse fiskershaven fan Port-en-Bessin it langste stik front fan de Alliearde lâning. Fan west nei east wie Omaha Beach yn de folgjende acht stikken yn koadenammen ûnderferdield: Charlie, Dog Green, Dog White, Dog Red, Easy Green, Easy Red (mei likernôch 2,2 kilometer it langste stik), Fox Green en Fox Red. It doel fan de Amerikaanske oanfal op Omaha Beach wie it ynnimmen fan de doarpen Coleville, Saint-Laurent-sur-Mer, Vierville-sur-Mer en it útskeakeljen fan de Dútske batterij by Pointe du Hoc.
Yn de plâningsfaze fan de Operaasje Overlord yn 1943 waard Omaha as lâningsplak keazen, om't dêr op dat stuit hast gjin ferdigeningswurken wiene. Sels in moanne foar D-Day joech de ynljochtingetsjinst oan dat de sitewaasje noch jimmeroan itselde wie. Oannommen waard dat in Allieard bombardemint folge troch besjittings troch de marine de measte Dútske stellings útskeakelje soe.
Formeel hearde ek Pointe du Hoc (westlik fan de sektor Charlie) ta it lâningsgebiet fan Omaha. Dêr wie in tige sterke Dútske artillerystelling mei seis Frânske stikken 155 mm-geskut, dy't each op it strân hold en de Amerikaanske lâningstroepen fan Utah Beach en Omaha Beach ûnder fjoer nimme koe. Alhoewol't de stellings swier bombardearre en mei skipsartillery oanfallen wiene, holden dy stân. Dêrom krige it Amerikaanske 2e Rangerbataljon de opdracht om it geskut op 'e moarn fan D-day te ferneatigjen.
Dútske ferdigening
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn desimber 1943 hie de Dútske fjildmaarskalk Erwin Rommel nei in ynspeksje it befel jûn om de sektor fuortendaliks út te bouwen en op it stuit fan D-Day hiene de Dútsers by it 10 kilometer lange strân lâns in rige fan Widerstandsneste (fersetsnêsten) boud, dy't konsintrearre wiene by in pear wetterrinnen. Trochdat de kust yn in lichte bocht rint, hiene de fersetsnêsten, WN 70, WN 71, WN 72 en WN 73 oan de westlike kant en WN 60, WN 61 en WN 62 oan de eastlike kant, in tige goede posysje om it hiele strân ûnder fjoer te nimmen. Krekt as de fersetsnêsten WN 63, WN 67 en WN 69 leine dy djip ferskûle efter de rotsen.
Foar it oanlizzen fan it ferdigeningsstelsel hiene de Dútsers hûzen ôfbrutsen. Tusken de fersetsnêsten en yn de wetterlopen hiene hja minefjilden oanlein en om deade hoeken te beskermjen hiene de Dútsers flammewerpers yngroeven. De fersetsnêsten wiene mei lytsere posten troch in wiid fertakke rinfuorgestelsel mei-inoar ferbûn. De Dútsers lieten ek fjilden mei seeminen en oare beheinings mei stikeltried en saneamde asperzje-ôfsettings oanlizze.
Der wiene fiif útgongen (exits) nei it efterlân. It bêste ferdigene waard in ferhurde dyk troch in kleau nei Vierville-sur-Mer.
Lâning
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Al by de tarieding fan de lâning wie der grutte tsjinslach. De marine wist de fijân net te treffen en in soad ôfsketten granaten kamen yn 'e see telâne. It sicht wie min en om't de piloaten der wis fan wêze woene dat hja net eigen troepen troffen, smieten hja de bommen pas boppe lân, dy't dêrnei efter de Dútske linys bedarren. Ek it ôfsjitten fan raketten fan spesjale skippen mei lansearynstallaasjes misten harren doel. Troch de hurde wyn en rûge see slagge it mar om twa amfibyske Shermantanks oan lân te bringen. Trije oare tanks waarden mei in lâningsboat, wêrfan't de kleppen op see net iepenen, oant op it strân brocht. De weagen wiene heech en it sicht min; it wie op see lestich maneuvrearjen en de tanks moasten fiif kilometer nei it strân ôflizze. De kanvasskerms dy't de tanks driuwende holden, koene weagen fan 30 sintimeter ha, mar de weagen wiene wol twa meter. Fan de 32 tanks sonken 27 en de bemanning dêrfan ferdronk.
De earste weach soldaten lâne om 06:30 oere. Eltse boat krige in stikje strân oanwiisd mei ynstruksjes om de obstakels op it strân te ferneatigjen en om de kliffen te bestoarmjen. De soldaten hiene krekte loftkaarten fan it strân by har, mar de werkenningspunten wiene op lân min werom te finen. Dêrnjonken soarge de straffe wyn en in sterke ûnderstream der by heechtij foar dat de boaten op hiele oare plakken telâne kamen. Sadwaande focht de earste weach soldaten op ûnbekend terrein, wylst it fjoer fan de fijân fan stellings kaam dy't hja net koene. De Amerikanen krigen mei hiel swiere ferliezen te krijen en in twadde weach waard om 07:00 oer ynset.
Trochbraak
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In earste trochbraak kaam om 09:00 oere yn de seksje Dog White. Dêr wie de Dútske ferdigening net sterk en koe it fersetsnêst WN 70 útskeakele wurde. 31 Dútske soldaten fan de 352e Ynfanterydifyzje waarden kriichsfinzen nommen en likernôch 20 minuten letter slaggen de troepen fan generaal Norman Cota deryn it steile stik strân te beklimmen en it efterlân yn te gean. Generaal Cota brocht syn mannen nei it easten nei Vierville en focht him dêrwei in wei nei it strân (D1 Beach Exit). Al rillegau waarden de fersetsnêsten WN 64 en WN 65 útskeakele en dêrmei E1 frijfochten. De Amerikanen koene no fierder it efterlân yn marsjearje.
Twa Amerikaanske torpedoboatjagers kamen Omaha Beach oant op 1.100 meter fan it strân benei en beskeaten Dútske stellings eastlik fan Les-Moulins.
Op oare plakken hiene de Alliearden in sterkere ferdigening te oerwinnen en tsjin 'e ein fan de moarn sieten grutte ienheden op de sektor Easy Red fêst. Op de sektors Easy Red en Easy Green waarden fersterkings oanfierd en de ferwûne soldaten waarden evakuearre.
It Dútske fersetsnêst WN 72 joech it om 13:00 oere hinne op, sadat de strânútgong D1 nei Vierville-sur-Mer frij kaam. In heal oere letter makke de Dútske 352e Ynfanterydifyzje in tige grutte flater troch oan it Dútske 7e leger troch te jaan dat de Alliearde lâning mislearre. Mooglik kaam it berjocht by it 7e Leger skeind oer en waard it ferkeard ynterpretearre.
Yn de sektor Easy Red oan de grins mei sektor Fox Green slagge it de Amerikanen om 14:35 oere it sterke Dútske fersetsnêst WN 62 út te skeakeljen. Mar fjouwer Dútske soldaten oerlibben dy slach. De strânútgong D1 waard troch it Dútske fersetsnêst WN 73 ûnder fjoer nommen en koe pas tsjin 17:00 oere troch twa Amerikaanske rangerbataljons ynnommen wurde. Troepen fan de 29e Amerikaanske Ynfanterydifyzje wisten op te tsjen oant Pointe du Hoc. Tsjinoanfallen fan Dútske kant twongen de troepen en tanks weorm nei it lêste plak foar Pointe du Hoc. Nei 20:00 oere lânen mear troepen mei materieel lykas tanks en artillery.
Oan de westlike kant fan Omaha Beach slagge it de 1e Amerikaansk Difyzje net om dy deis it doel te heljen. De oare moarn (7 juny) besochten de Dútsers fan it 915e Grenadiersregimint noch in oanfal om troch te stjitten nei de kust. Dy ûndernimming mislearre en feroarsake it definityf ynstoarten fan de Dútske ferdigening fan it strân. Dy deis wiene de rest fan de Dútske legerûnderdielen allinne noch op weromtocht. Mei de pear tanks en de hânwapens dy't hja noch hiene koene hja de Alliearde tanks, artillery en lofmacht net mear keare.
Oan Alliearde kant foelen by de striid om Omaha Beach 2.000 oant 5.000 slachtoffers, oan Dútske kant 1.200 slachtoffers.
Nei D-Day tsjinne Omaha Beach as haven. Njonken de keunstmjittige haven yn Arromanches-les-Bains (Mulberry B) waard in twadde haven oan it strân fan Vierville en Saint-Laurent oanlein. Dy Mulberry A (A stiet foar American; B foar British) rekke troch in tige swiere stoarm tusken 19 en 22 juny fernield. De noch te brûken dielen waarden nei Arromanches sleept en de foarrieden om de soldaten te fersoargjen waarden fuort troch LCT's, DUKW's en LST's oan lân brocht.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur, op dizze side.
|