Arromanches-les-Bains
Appearance
| Arromanches-les-Bains | ||
| Emblemen | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| Regio | Normandje | |
| Departemint | Calvados | |
| Arrondissemint | Bayeux | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 413 (2023)[1] | |
| Oerflak | 1,370 km² | |
| Befolkingsticht. | 301,5 ynw./km² | |
| Hichte | 0-55 m | |
| Oar | ||
| Postkoade | 14400 | |
| Tiidsône | UTC +1 | |
| Koördinaten | 49° 20' N 0° 37' W | |
| Offisjele webside | ||
| www.arromanches.com | ||
| Kaart | ||
Arromanches-les-Bains is in Frânske gemeente yn it departemint Calvados yn 'e regio Normandje.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gemeente leit oan 'e kust fan it Kanaal, likernôch 11 kilometer noardeastlik fan Bayeux en 30 kilometer noardwestlik fan Caen.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
By de alliearde lânings fan 1944 yn 'e Twadde Wrâldkriich lei Arromanches oan Gold Beach. Nei de lâning waard yn it ramt fan 'e operaasje foar de kust ien fan 'e twa keunstmjittige havens (Mulberry B) oanlein om troepen en materjeel oan lân te bringen. De resten fan 'e haven binne ek hjoeddedei noch te sjen.
Befolkingsûntwikkeling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Jier | 1962 | 1968 | 1975 | 1982 | 1990 | 1999 | 2007 | 2018 |
| Ynwennertal | 298 | 339 | 355 | 395 | 409 | 552 | 609 | 481 |
| Boarnen: Cassini en INSEE | ||||||||
Ekonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De befolking libbet fral fan it toerisme. Njonken in camping wurde in soad sport- en frijetiidsaktiviteiten oanbean.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Musée du Débarquement
- Bioskoop Arromanches 360
- De neoromaanske, healwei de 19e iuw boude, Sint-Pitertsjerke (Église Saint-Pierre)
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
