Springe nei ynhâld

Gold Beach

Ut Wikipedy
Gold Beach
Part fan D-Day

Britske soldaten bestoarmje it strân fan Gold Beach
datum: 6 juny 1944
plak: Normandje, Frankryk
útkomst: Alliearde oerwinning
konfliktpartijen
Feriene Keninkryk Nazy-Dútslân
befelhawwers
Douglas Alexander Graham
Dietrich Kraiss
Wilhelm Richter
sterkte
50th Infantry Division
8th Armoured Brigade
56th Infantry Brigade
No. 47 Commando
352. Infanterie-Division
716. Infanterie-Division


ferliezen
1.000-1.100 ûnbekend

Gold Beach is ien Normandyske strannen, dy't de alliearde striidkrêften yn de Twadde Wrâldkriich op D-Day, 6 juny 1944, brûkten foar de Operaasje Overlord. It is it middelste strân fan de fiif strannen en it wiene Britske troepen dy't op Gold Beach oan lân kamen. De oare fjouwer strannen binne Juno, Sword, Omaha en Utah.

Gold Beach lei yn it gebiet dat de Britske 50e (Northumbrian) Infantry Division (ûnder befel fan generaal-majoar Alexander Graham ) en de 8e Armoured Brigade besette moasten. Beide gefjochtsienheden wiene ûnderdielen fan it Britske XXX Corps, dat op syn beurt ûnder it British Second Army ûnder befel fan luitenant-generaal Miles Dempsey foel. Hja moasten Arromanches (dat as plak foar in Mulberryhaven oanwiisd wie) en Bayeux oermasterje en de wei fan Caen nei Bayeux ôfsnije. Dêrnjonken moasten de Britten kontakt meitsje mei de Amerikanen, dy't westlik fan Gold Beach op Omaha Beach lânen en mei de Kanadezen noch eastliker op Juno Beach.

Gold Beach hie trije haadseksjes, dy't fan west nei east ferdield wiene yn "Item", "Jig" (ferdield yn de twa seksjes grien en read) en "King" (ek ferdield yn de twa seksjes grien en read). In fjirde seksje "How" waard by de ynvaazje net brûkt.

It strân by Arromanches

It lânjen begûn om 07:25 oere. Ynearsten wie it Dútske ferset tige fûleindich, mar de Britten wisten relatyf gau en mei relatyf lege ferliezen troch de Dútske liny's te brekken. Op de dei fan de lâning waaide der in straffe wyn út it noardwesten. Dêrtroch kaam de floed folle flugger as útrekkene op en spielde it wetter oer de Dútske asperzje-ôfsettings (Rommelspargel), sadat it foar de Britten dreger waard dy te ferneatigjen. It stadiger manoeuvrearjen joech de Dútsers boppedat it foardiel dat hja de Britten yn de iepen boaten langer ûnder fjoer nimme koene.

Dielen fan de Dútske 716e Infanterie-Division en (by Le Hamel) it earste bataljon fan de 352e Infanterie-Division moasten de Dútske liny's ferdigenje. De stellings leine benammen yn de hûzen by it strân by La Rivière, Arromanches, Le Hamel en Longues-sur-Mer. Op in klif by Longues-sur-Mer stie in eintsje it lân yn in batterij kanonnen mei in berik fan 20 kilometer, dy't troch de swiere RAF-bombardeminten en besjittings fan krusers op 'e see útskeakele wiene. Tanksij de straffe wyn waarden Amerikaanske paradummy's fier it lân ynblaasd en dêrtroch tocht de Dútske generaal-luitenant Dietrich Kraiss dat fral de omjouwing fan Vire bedrige waard. Hy joech in grut part fan syn troepen opdracht om dêr hinne te marsjearjen en doe't er efter syn flater kaam, hiene syn manlju harren al 30 kilometer fierder it lân yn werom lutsen.

La Rivière foel al om 10:00 oere en Le Hamel namen de Britten tsjin it ein fan 'e middei yn. Om 22:30 oer hiene hja Arromanches ynnommen en om deselde tiid hinne stiene hja oan de grinzen fan Bayeux. Tsjin midsnacht op 6 juny 1944 wiene 24.970 Britske soldaten oan lân en wiene hja likernôch 10 kilometer it lân ynkrongen. Hja slaggen der dyselde dei yn om kontakt mei de Kanadeeske troepen op Juno Beach te meitsjen, mar net om de wei tusken Caen en Bayeux ôf te snijen of kontakt te meitsjen mei de Amerikanen op Omaha Beach.

Likernôch 400 Britske soldaten lieten it libben, wylst it tal slachtoffers op Omaha Beach folle heger lei. Hoefolle Dútske soldaten ferstoaren by de lâning op Gold Beach is net bekend.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur, op dizze side.