Springe nei ynhâld

Sword Beach

Ut Wikipedy
Sword Beach
Part fan D-Day

Britske troepen op Sword Beach
datum: 6 juny 1944
plak: Normandje, Frankryk
útkomst: Alliearde oerwinning
konfliktpartijen
Feriene Keninkryk
France libre
Nazy-Dútslân
befelhawwers
John Crocker
Tom Rennie
Wilhelm Richter
Edgar Feuchtinger
sterkte
28.845 9.790
ferliezen
± 700 slachtoffers ûnbekend

Sword Beach wie de koadenamme fan ien fan de fiif (Utah, Omaha, Gold, Juno en Sword Beach) seksjes, dêr't de alliearden op 6 juny 1944 (D-Day) lânen om in begjin te meitsjen fan de befrijing fan West-Europa fan Nazy-Dútslân.

Sword Beach wie oan de Britske 3rd Infanterie Division en de 27th Armoured Brigade tawiisd om oan lân te gean.

Kaart fan de lâningsstrannen Gold-, Juna en Sword Beach

Sword Beach wie it meast eastlike diel fan de lâning en leit net fier fan Ouistreham en Caen ôf. It grinzge westlik oan Juno Beach en fan it westen nei it easten ta wie Sword Beach yn fjouwer parten ferdield: "Oboe", "Peter", "Queen" en "Roger".

Dútske ferdigening

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Dútske ferdigening wie op Sword Beach net sa goed opboud as op oare plakken fan de lâningsoperaasje. De wenstige obstakels fan Atlantikwall lykas anty-tank ôfsettings fan izeren balken, Rommelspargel, minen en stikeltriedôfsettings wiene der fansels, mar lang safolle net as op de oare lâningsstrannen. Fierder hiene de Dútsers yn de dunen en yn hûzen om de stedsjes hinne masjinegewearnêsten.

Foar de ferdigening hiene de Dútsers hjir in diel fan de 716. Infanterie-Division, de rezjiminten 736 en 125 en krêften fan de 21. Panzer-Division, dy't út it efterlân wei oanfalle koene. Yn it easten efter de Dives wie noch de 711. Infanterie-Division stasjonearre.

Troepen fan de Britske 3rd Infanterie Division fan sa'n 30.000 soldaten sterk lânen mei help fan Britske kommando's op 6 juny 1944 om 07:25 oere op dit stik strân. Charles de Gaulle hie yn Londen der foar krewearre dat ek Frânsen ynset wurde soene en sa gyngen mei de Britten ek Frânske troepen mei oan lân. It South Lancashire Regiment wie ferantwurdlik foar de seksje Peter, it Suffolk Regiment foar Queen en it East Yorkshire Regiment foar Roger.

In finzen nommen jonge soldaat fan de SS-Panzer-Division

It doel foar Sword Beach wie dat de alliearde troepen de Dútske fersetsnêsten (Widerstandsneste) oan de kust útskeakelje moasten en dan troch Ouistreham yn de rjochting fan Caen optsjen en de stêd ynnimme. Caen wie in logistyk knooppunt en dêrom strategysk fan belang, boppedat lei dêr it fleanfjild Carpiquet. Fierder soe der yn it easten in ferbining ta stân brocht wurde moatte mei de yn it ramt fan de Operaasje Tonga earder dropte parasjutisten fan de Britske 6th Airborne Division.

Parasjutisten ûnder kommando fan majoar John Howard hiene de nachts foar de lâning yn it ramt fan de Operaasje Tonga de strategysk wichtige Pegasusbrêge oer de Orne ynnommen. Op it eastlik ein fan Sword Beach waarden likernôch fjouwer kilometer foar it strân DD-tanks út de lâningsboaten set. Om't de see dêr relatyf rêstich wie hellen oars as op de oare lâningsstrannen de measte tanks Sword Beach, sadat de ynfantery dêr in soad stipe oan hie. De tanks droegen der foar in grut part oan by dat it tal slachtoffers relatyf leech bleau.

De Britten slaggen der yn troch de Dútske wjerstân te brekken en koene harren mei de parasjutisten fan de 6th Airborne Division ferienigje. Om't de oanfal op Caen net troch in pear parasjutistenienheden útfierd wurde koe, wachten de troepen op de ienheden fan de 1st Commando Brigade ûnder befel fan Lord Lovat, dy't let yn 'e moarn by de Pegasusbrêge oankamen. It fûle ferset fan de 21. Panzer-Division en letter troch de út de Hitlerjugend rekrutearre jonge soldaten fan de 12. SS-Panzer-Division "Hitlerjugend" feroarsake noch in foars opûnthâld. It soe noch oan it ein fan de moanne duorje dat Caen folslein befrijd wurde koene.

De ferliezen fan de Britten op Sword Beach wurde op likernôch 700 soldaten rûsd.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur, op dizze side.