Oerlis:Weidum

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy
  • Pappingastins of Papingastate stie besuden de tsjerke, njonken Borniastate. As it hûs yn de 16e ieu foar it earst neamd wurdt, wenje hjir de Ropta’s. Yn 1570 liet Rinsk van Ropta, dy't troud wie mei Hartman fan Haersma, oan de de Weidumer tsjerke 12.000 stenen nei, dy't levere wurde moasten troch har tichelwurk yn Winsum. Ek de earme widdo's waard net ferjitten,
  • Kinsck van Roptawei - Kinsck van Ropta ( 1508 – 15 july 1581) fan Roptastate te Mitselwier wenne sûnt har houlik mei Sjoerd Andla (16 maaie 1541) op Papingastate. [..] Yn 1541 stichte it pear Andla-Van Ropta in weeshûs (it twadde yn Fryslân) op Tjallingastate by Westernijtsjerk (Ferwerderadiel). Kinsck van Ropta is, lykas har earste en twadde man, begroeven yn de tsjerke van Weidum.

Genealogy fan it laach Ropta troch Simon Wiersma:

  • Kinsck was gehuwd (1) met Sjoerd van Andla, overleden 6 mei 1541 , zoon van Rienck van Andla en Jetscke Sjoerds van Grovestins

Dúdlik is oars. Drewes 3 nov 2011, 16.19 (CET)[beäntwurdzje]

@RomkeHoekstra: Goeie. ik lies jo bewurkingsbeskriuwing "Oer it wapen: dat de rút ek ferwiist nei in rune liket my al te stûf. It wapen is net âld en ik koe nearne wat fine dy't dat ûnderstipet, dus dat ha ik ferwidere."

Ik bin yn it besit fan in boekje oer de doarpswapens en -flaggen fan it eardere Littenseradiel. Oer it wapen fan Weidum stiet dêryn: "It blau komt út it wapen fan Baarderadiel en it read út it wapen fan 'e famylje Dekema. De trepkegevels ferwize nei de Midsieuske stinzen dy't by it doarp stiene. Yn it blau stiet in gouden seispuntige stjer as oantinken oan it feit dat [yn Weidum] foarhinne it gemeentehûs fan Baarderadiel stie." Dat sil dan wol ieuwen lyn west hawwe, want it haadplak fan Baarderadiel wie yn 'e tweintichste iuw Mantgum. De tekst giet fierder: "De leeljes yn it reade part binne oan 'e wapens fan 'e famyljes Dekema en Hania ûntliend. De sulveren puntrút yn 'e foet fan it skyld komt út it wapen fan Walta, mar is ek in symboal foar de rjochtspraak. Yn Weidum stie it rjochthûs fan 'e gritenij." Ik hoopje dat jo hjir wat mei kinne. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 10 nov 2022, 16.19 (CET)[beäntwurdzje]

Dat hie ik hjir wei: heraldrywiki. By de beskriuwing oer it wapen stie dat de rút ek ferwiisde nei Ingus as symboal fan de fruchtbere Memme Ierde. Foar safier ik neagean kin hat de puntrút yn it wapen dêr neat mei te krijen. Boppedat is de rune fan Ingus twa x-en op inoar en dan wykt dy dus ôf fan de rút op it Weidumer wapenskyld. Dat oare sil ik eefkes oanpasse.--RomkeHoekstra (oerlis) 10 nov 2022, 17.32 (CET)[beäntwurdzje]
Ik soe jo dit boekje wol as boarne oan 'e hân dwaan wolle, mar der stiet skriuwer, noch jier fan útjefte by oanjûn. It hat al in foarwurd fan "drs. Douwe Willemsma, wethâlder fan de gemeente Littenseradiel", dus it sil grif in útjefte fan 'e gemeente west hawwe. Yn it foarwurd wurdt yn 'e doetiid oer it jier 2000 praat, dus it moat fan nei dy tiid wêze. Ik haw it neffens my yn 2004 of 2005 fan ien krigen dy't by de gemeente wurke, dat it moat fan tusken 2001 en 2005 wêze. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 10 nov 2022, 17.38 (CET)[beäntwurdzje]
Dat soe hiel goed kinne want it Weidumer wapen is neffens it Nederlânske lemma Wapen van Weidum yn 2001 registrearre. Faaks hawwe de Littenseradielster doarpen doe allegear in wapen krige en grutte kâns dat it boekje yn it ramt dêrfan is útjûn. En ik ha noch eefkes oan it strunen west op de side fan Weidum en dêr stiet noch in âlde ansicht fan it gemeentehûs fan Baarderadiel oan de Greate Buorren: Weidum doe en no. Dus dat sil dan ek wol sa west ha foar't it gemeentehûs yn Mantgum kaam. Mar is de omskriuwing jo sa no goed?--RomkeHoekstra (oerlis) 10 nov 2022, 18.20 (CET)[beäntwurdzje]
Ik haw dat oer de rjochtspraak der noch even by set, mar dat wie no ek wer net sa hiele wichtich... Wat jo sizze oer dat boekje liket my tige wierskynlik. De measte doarpsflaggen binne tink ik ek fan dy tiid. Mar net allegear, want ik wit dat Winsum al ein jierren tachtich in flagge krigen hat. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 10 nov 2022, 18.42 (CET)[beäntwurdzje]