Oerlis:Utika (Tuneezje)

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Dei @Ieneach fan 'e Esk: ik seach dat jo Utica ta Utika feroare hawwe. Underwylst bin ik de side Cassius Dionysius oan it oanmeitsjen. moat it no dus Kassius Dionysius wurde?--Kneppelfreed (oerlis) 14 des 2020, 00.14 (CET)[beäntwurdzje]

@Kneppelfreed: Ja, ik bin bang fan wol (we hawwe ek Kassius Dio). Der is yn it begjin fan 'e Wikipedy (dat wie foar myn tiid) besletten om Latynske nammen út 'e Aldheid kwa stavering te ferfryskjen. Ik haw dêr alris earder myn twifels oer útsprutsen. Ik begryp it oan 'e iene kant wol, want oars krije je ek brike dingen, mar oan 'e oare kant smyt dit ek net altyd de moaiste resultaten op (Xaverius wurdt bgl. Ksavearius; tsja dat is suver net werom te kennen). En Julius Caesar is stean bleaun, dat soe dan eins Julius Sesar wurde moatte, mar dêr bleau ik mar ôf, leau 'k, want dat is sá ynboargere. Mar goed, dy ferfrysking is yn elts gefal sa, dat litte we no mar in bytsje konsekwint bliuwe. Dêrom haw ik dizze side ek (mei tsjinnichheid) omneamd. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 15 des 2020, 22.20 (CET)[beäntwurdzje]
@Ieneach fan 'e Esk: Tankewol foar jo útlis --Kneppelfreed (oerlis) 16 des 2020, 06.37 (CET)[beäntwurdzje]