Oerlis:Swaben (lânstreek)
Appearance
@Kneppelfreed: Goeie. Wat soene jo seze fan Swaben (gea) of Swaben (kontrei)? In streek is dochs mear in buert. Ik kaam in pear kear Reetje tsjin, mar koe sa gau net fine wêr't dat leit en wat de oarspronklike namme is. Groetnis. Drewes (oerlis) 28 aug 2018, 12.13 (CEST)
- @Kneppelfreed en Drewes: Miskien "Swaben (regio)"? En Drewes, bedoele jo mei "Reetje" soms de Romeinske provinsje Raetia? (Dêr't bgl. de namme fan it Retoromaansk fan ôflaat is) Ik soe dat yn it Frysk staverje as 'Reesje', dus mei in s, krekt as Kroaasje. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 28 aug 2018, 15.47 (CEST)
- @Ieneach fan 'e Esk en Drewes: Ja dan tink ik dat Swaben (regio) of (lânstreek)? gaadliker is. Mei "Reetje" wurdt yndie de regio yn súdeastlik Switserlân en it oangrinzgjende gebiet yn Itaalje bedoeld. Ik wist sa gau de júste Fryske oersetting der net fan. Kneppelfreed (oerlis) 28 aug 2018, 17.24 (CEST)
Wat de fertaling fan Raetia ek wurde mei, ik bin tsjin Reetje en ek tsjin Reetsje. Beide binne om te gnizen. Drewes (oerlis) 28 aug 2018, 18.24 (CEST)
- Dan hawwe wy alteast wat om te gnizen hahaha. Dan lit ik it ynearsten op "Raetia". Kneppelfreed (oerlis) 28 aug 2018, 19.36 (CEST)