Oerlis:Steatsline C
Appearance
@FreyaSport: No, myn kompliminten! Dit sjocht der mar kreas út. Jo hawwe wol ear fan jo wurk. Ik sjoch noch al in pear oersettingsflaterkes stean: baanvakfaasje, treinbeïnvloeding en spoorwiidte. Fierders wol ik jo net fertelle wat jo dwaan moatte, mar ik soe it moaier fine as de tekst yn 'e ynfoboks, fral yn it boppeste diel, in slachje lytser wie. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 13 mrt 2023, 16.29 (CET)
- @Ieneach fan 'e Esk: Ik bin der ek grutsk op dat it my slagge is. De letters yn de ynfoboks fyn ik sels ek te grut, mar bin der noch net efter wêr't ik dy feroarje kin. De flaters kin ik tink ik al werom fine neffens my sitte dy yn Berjocht:SP-data. Dat sil ik aanst efkes oanpasse. FreyaSport (oerlis) 13 mrt 2023, 16.37 (CET)
- @FreyaSport: Ik haw troch de koade font-size:85% ta te foegjen oan Berjocht:Prettytable-SP de lettergrutte fan 'e ynfoboks lytser makke. Jo kinne it sels nei beleavjen oanpasse troch "85" te ferfangen troch in oar persintaazje. Dêrtroch waard de kop fan 'e ynfoboks, yn it stik mei de blaugriene eftergrûn, lykwols ek sa lyts. Dat wie myn bedoeling net. Dy haw ik doe wer grutter makke troch font-size:120%; yn te foegjen yn Berjocht:SP-kop. Ek dat kinne jo no nei beleavjen grutter of lytser meitsje. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 13 mrt 2023, 16.51 (CET)
- @Ieneach fan 'e Esk: tige tank, mei dizze oanpassing binne ek de haperingen yn de Spoarstrip op Steatsline A en Steatsline B oplost. FreyaSport (oerlis) 13 mrt 2023, 16.58 (CET)
- @FreyaSport: Graach dien. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 13 mrt 2023, 17.03 (CET)