Oerlis:Slobeinen
Namme fan it skaai.
[boarne bewurkje]Ik ha de namme fan it skaai (tsjillings) by it lemma fan 'e einfûgels wei. Mar ik frege my by it skriuwen fan 'e soarten en it lemma oer it skaai wol ôf wêr't dy namme wei komt (der binne nammentlik ek tsjillings by de echte einen) en fral oft wy dy namme net better ferfange kinne troch slobeinen. Graach jim reaksje. RomkeHoekstra (oerlis) 5 jul 2024, 21.29 (CEST)
- @RomkeHoekstra: Der komme oare groepen tsjillings foar, dat is sa, mar dy hawwe dan in tafoeging by de namme, lykas ringtsjillings of Amazônetsjillings. Ek by de echte einen sitte tsjllings. Ik wit net krekt hoe't dat komt, mar it soe skoan kinne dat dy oarspronklik yndield west hawwe by de tsjillings en op basis fan letter (en better) ûndersyk by de echte einen smiten binne, mar de namme fan tsjillings beholden hawwe. Soks komt yn 'e taksonomy wol faker foar.
- Ik wol leauwe dat dizze groep yn it artikel oer einfûgels al tsjillings hiet doe't ik de yndieling dêr neirûn bin, en ik haw mar oannommen dat dy namme earne op basearre is en haw him dêrom stean litten. (Der moat in boekje fan 'e Fryske Akademy bestean, mei as titel It Wylde Fûgelt, út omtrint 1984, oer de taksonomyske yndieling fan fûgels yn it Frysk, skreaun troch in J. Boersma, mar dat haw ik net mei't it net mear te besetten is.) Ik haw der wol as synonym slobeinen/slobben oan tafoege. Wat my oangiet meie jo dat bêst omdraaie as jo wolle, dus neam it skaai mar slobeinen en foegje as synonimen slobben ta, en neam dan dochs ek noch mar even de namme tsjillings. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 5 jul 2024, 23.16 (CEST)
- Ik ha it oanpast lykas boppe omskreaun. Ik tink dat dat minder betizing jout (de typesoarte is ek de slob). Tank foar jo reaksje.
Kategory
[boarne bewurkje]Ik nim ek de kategoryën mar oer, dy't ornaris by in fûgelskaai neamd wurde. Mar no't ik dochs eefkes in oerlis iepene ha wol ik ek graach fan jim witte of twa fan dy trije kategoryën hjir wol fan tapassing binne. Neffens my soe by in skaai allinne de namme fan 'e fûgelfamylje fan tapassing wêze moatte dêr't it skaai ûnder falt Yn dit gefal dus de kategory einfûgels. By einfûgels soene dan de kategoryën fûgelfamylje en goeseftige hearre. Mar miskien sjoch ik dat wol ferkeard.--RomkeHoekstra (oerlis) 5 jul 2024, 21.45 (CEST)
- @RomkeHoekstra: Ja, dat bin ik yn prinsipe mei jo iens, mar dat is in saak fan voortschrijdend inzicht, sil ik it mar neame. Doe't ik hjir, tolve jier lyn al wer, binnen kaam as meidogger, wie de kategory-yndieling fan 'e planten en bisten in rommeltsje. Dat haw ik oanpakt yn 'e earste jierren dat ik hjir aktyf wie, doe't ik noch net sa'n oersicht oer it spul hie as no. En doe haw ik it op dizze manear dien, troch hieltyd ek de boppelizzende kategoryen te neamen. Efternei, dat haw ik sels ek alris tocht, hie dat eins oars moatten. Mar ja, om dat no wer te feroarjen, is wer in bealchfol wurk. Miskien pak ik it noch wolris oan as ik wer wat mear tiid om hannen haw. Ik moat mar ris sjen. Yn elts gefal soe ik it wurdearje as jo foarearst op dizze manear trochgeane, want der sit no yn elts gefal in systeem yn en oars wurdt it wer in rommeltsje. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 5 jul 2024, 23.23 (CEST)
- @Ieneach fan 'e Esk: Ik bin it iens mei jo dat it in soad wurk jout. Mar dat moat gjin reden wêze om sa dan troch te gean want it wurk wurdt der net minder om. Ik wie myn doel ek net om dat wurk op jo ôf te skowen en kin sels ek in bydrage jaan. Ik soe bygelyks begjinne kinne en mochten jo der al nocht of tiid foar ha, dan slute jo mar oan.--RomkeHoekstra (oerlis) 6 jul 2024, 09.19 (CEST)
- @Kneppelfreed: Ja, mar ik fyn wol dat às it feroare wurdt, dat de boel dan ek binnen in sa koart mooglik tiidsbestek hielendal berêden wêze moat. Oars wurdt it, sa't ik al sei, wer in soadsje mei ferlykbere artikels dy't ferskillend yndield binne. Dêrom liket it my de baas om it foarearst mar even sa te litten, want der bestiet eins net echt in probleem. Der sit allinnich in kategory tefolle by, mar dat is yn elts gefal folle better as in kategory te min. Ik kom der foarlopich net oan ta om my hjirmei dwaande te hâlden, want ik bin op it stuit drok mei dingen bûten de Wikipedy.
- Noch even wat oars. Ik haw jo fraach hjirboppe nochris lêzen, en no falt my op dat jo dêr skriuwe dat der neffens jo twa kategoryen tefolle binne en dat jo dit artikel inkeld yndiele wolle by de einfûgels. Dêr bin ik it dan wer net mei iens, want it moat ek by de kategory Fûgelskaai yndield wurde. Neffens my is inkeld de kategory Goeseftige hjir eventueel oerstallich. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 6 jul 2024, 21.32 (CEST)
- @Ieneach fan 'e Esk:
- Neffens my soe de yndieling fan kategoryën de taksonomyske yndieling folgje moatte. Om fierdere betizing tefoarren te kommen soe it neffens my sa wêze moatte:
- @Ieneach fan 'e Esk:
- @Ieneach fan 'e Esk: Ik bin it iens mei jo dat it in soad wurk jout. Mar dat moat gjin reden wêze om sa dan troch te gean want it wurk wurdt der net minder om. Ik wie myn doel ek net om dat wurk op jo ôf te skowen en kin sels ek in bydrage jaan. Ik soe bygelyks begjinne kinne en mochten jo der al nocht of tiid foar ha, dan slute jo mar oan.--RomkeHoekstra (oerlis) 6 jul 2024, 09.19 (CEST)
- it artikel oer in fûgelsoarte: kategory:fûgelsoarte (dêr sitte dus alle fûgelsoarten yn). Dêr kinne twa kategoryën ferwidere wurde.
- it artikel oer in fûgelskaai: kategory:fûgelskaai (dêr sit allinne de fûgelskaaien yn, dus net de soarten dy't dêr ûnder falle en ek net de famyljes).
- is der in subkategory fan it fûgelskaai oanmakke (lykas bygelyks in kategory:slobein (fûgelskaai)), dan dy subkategory de kategory:fûgelskaai meijaan en by de de soarte allinne de subkategory neame. Fanút dy subkategory komme jo ommer wer by it fûgelskaai út en oars stiet it skaai twa kear yn 'e kategory fûgelskaai, ien kear as subkategory en ien kear yn de list. As dat lêste perfoarst de bedoeling is, dan is dat om my ek goed, mar sa wie ik dat yn alle gefallen net wend by de Nederlânsktalige wiki. P.s. om de kategory fan it fûgelskaai fan in fûgelsoarte mei de selde namme (lykas de slobein of de strânljip) te ûnderkieden, soe tusken heakjes de kategory fan it skaai wol oanjaan moatte dat it om in fûgelskaai giet).
- it artikel oer in fûgelfamylje: kategory:fûgelfamylje (dêr sitte allinne fûgelfamyljes yn, dus gjin fûgelskaaien).
- it artikel oer in fûgelskift: kategory:fûgelskift.
- ensfh.
- Neffens my wurdt it sa oersichtliker en dekt de kategory syn lading, sadat it ek foar oare meidoggers goed te begripen is.
- Yn it gefal fan 'e slobein soe dat dan neffens my sa wurde:
- foar de soarte slobein:kategory fûgelsoarte (of de subkategory fan it fûgelskaai).
- foar it skaai slobeinen:kategory fûgelskaai.
- foar de famylje einfûgels:kategory fûgelfamylje.
- foar it skift goeseftigen:kategory fûgelskift.
- esfh.
- Yn it gefal fan 'e slobein soe dat dan neffens my sa wurde:
- Ik doch neat en lit it om jo eefkes saksearje. As jo oare ideeën ha dan hear ik it wol en ik wachtsje no wol eefkes ôf. -RomkeHoekstra (oerlis) 7 jul 2024, 10.43 (CEST)
@Kneppelfreed: Sorry dat ik jo hjir juster oer oanskreaun haw. @RomkeHoekstra: Sorry dat ik jo juster betize haw mei Kneppelfreed. Ik hie de kop der dúdlik even net by. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 7 jul 2024, 20.59 (CEST)
- @Ieneach fan 'e Esk, gjin probleem hjer, ik hie it wol yn 'e gaten. Kneppelfreed (oerlis) 7 jul 2024, 21.17 (CEST)
- @RomkeHoekstra: Tank foar jo wiidweidige útlis fan hoe't jo it hawwe wolle soene. En ek tank dat jo it noch even gewurde litte wolle. Ik binne it yn grutte halen mei jo yndieling iens. It soe der wol even wat yn skrasse wolle, mar dan sjogge je de ferskillen net mear, dus ik begjin mar even op 'e nij.
- In artikel oer in ûndersoarte kriget de kategory Fûgelûndersoarte (alle ûndersoarten fûgels) + de kategory mei de namme fan 'e soarte dêr't de ûndersoarte ta heart. Hat dy soarte gjin eigen kategory, dan komt dêr de kategory mei de namme fan it skaai foar yn it plak. Hat dat ek gjin eigen kategory, dan wurdt it de kategory mei de namme fan 'e famylje dêr't it skaai ta heart.
- In artikel oer in soarte kriget de kategory Fûgelsoarte (alle soarten fûgels) + de kategory mei de namme fan it skaai dêr't de soarte ta heart. Hat dat skaai gjin eigen kategory, dan komt dêr de kategory mei de namme fan 'e famylje dêr't it skaai ta heart foar yn it plak.
- In artikel oer in skaai kriget de kategory Fûgelskaai (alle skaaien fan fûgels) + de kategory mei de namme fan it skaai (as dy bestiet) + de kategory mei de namme fan 'e famylje dêr't dat skaai ta heart. Ik begryp jo riddenearring hjirboppe, dat it skaai, as dat al in eigen kategory hat, dan twa kear yn 'e kategory fan 'e famylje komt te stean. Mar ik sykje wolris fia de kategoryen, en ik fyn it sels hiel ferfelend as de eigentlike siden dêr net (ek) neamd wurde, want de kategoryen en de siden steane apart faninoar, mei in line en in protte wytromte dertusken. Wa't dat betocht hat...? It soe allegearre folle makliker west hawwe as se der gewoan ien list fan makken, wêrby't de kategoryen as symboal in mapke krigen of sa, sadat alles op alfabet stie. Mar dat is net sa, dat foar in folsleine list wêrby't je net hieltyd hinne en wer hoege te skeakeljen tusken de siden en de kategoryen soe ik de side dan dochs ek graach yn 'e boppelizzende kategory hawwe wolle.
- In artikel oer in famylje kriget de kategory Fûgelfamylje (alle famyljes fan fûgels) + de kategory mei de namme fan 'e famylje + de kategory mei de namme fan it skift dêr't dy famylje ta heart.
- In artikel oer in skift kriget de kategory Fûgelskift (alle skiften fan fûgels) + de kategory mei de namme fan it skift.
- Sa sjoch ik de ideäle kategory-yndieling by bisten en planten foar my. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 7 jul 2024, 21.26 (CEST)
- @Ieneach fan 'e Esk:Sa komme jo my yn alle gefallen in hiel ein yn 'e mjitte. Ik kin mei it neamen fan 'e subkategory wol frede ha, al bliuwt dat foar my wat dûbelop. Jo ha gelyk dat it moaier west hie as it ien list wie, mei in ferwizing nei de sub-kategoryën. Dus litte wy it sa mar ôfprate. As ik jo skielk helpe moat, dan moatte jo dat mar eefkes oanjaan. --RomkeHoekstra (oerlis) 8 jul 2024, 09.00 (CEST)
- @RomkeHoekstra: Bêst genôch, Romke. Tankewol. Mar dat wurdt him yn elts gefal net foar oktober, sa't it no liket. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 8 jul 2024, 22.13 (CEST)
- @Ieneach fan 'e Esk:Sa komme jo my yn alle gefallen in hiel ein yn 'e mjitte. Ik kin mei it neamen fan 'e subkategory wol frede ha, al bliuwt dat foar my wat dûbelop. Jo ha gelyk dat it moaier west hie as it ien list wie, mei in ferwizing nei de sub-kategoryën. Dus litte wy it sa mar ôfprate. As ik jo skielk helpe moat, dan moatte jo dat mar eefkes oanjaan. --RomkeHoekstra (oerlis) 8 jul 2024, 09.00 (CEST)