Springe nei ynhâld

Oerlis:Nea Moni

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

@RomkeHoekstra en Ieneach fan 'e Esk: Goeie. Dy nammen mei 'ch' deryn sit ik wat mei hearen. Moat it net in 'g' wurde? Drewes (oerlis) 5 mrt 2018, 17.38 (CET)[beäntwurdzje]

Ik sit dêr ek wol wat mei. Chios ha ik yn de Fryske wikipedy opsocht. Yn in tal artikels kom ik de namme mei Ch tsjin en dan nim ik it mar oer. Mar it soe moai wêze as der regels wiene dy't konsekwint tapast wurde kinne.--RomkeHoekstra (oerlis) 5 mrt 2018, 19.30 (CET)[beäntwurdzje]
@Drewes en RomkeHoekstra: Ik begryp it probleem. Yn it Gryksk wurdt Chios lykwols útsprutsen mei in hurde ch fan 'berch' oan it begjin fan it wurd, en dêr male se der neat om dat wy hjir yn Fryslân dêrtroch yn 'e swierrichheden komme. Dy egoïstyske rotsakken! Mar alle gekheid op in stokje: as it (allinne) om in (lytseftich) plak gie, soe ik it moai sa stean litte. Om't it (ek) in eilân is, kin ik my der wol yn fine om it te ferfryskjen. Dan kinne we der 'Hios', 'Kios' of 'Gios' fan meitsje, en ik fyn dat earlik sein allegear net sa fraai. 'Hios' soe tichter by de eigentlike útspraak lizze, wylst 'Gios' de gewoanlike gong fan saken yn it Frysk folget (ferlykje 'chaos' - 'gaos'). Dat, sis it mar: wat wolle jim dat it wurdt? Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 5 mrt 2018, 22.23 (CET)[beäntwurdzje]
Ik stim foar de 'g'. en tsjin de sleepwet Drewes (oerlis) 5 mrt 2018, 23.03 (CET)[beäntwurdzje]
@Drewes en Ieneach fan 'e Esk: Ik stim ek tsjin de sleepwet, mar dit hjir bliuwt in drege saak: wannear kieze wy foar it ferfryskjen fan eigennammen en wannear net? Mei in soad russyske nammen fûn ik it ek al betiizjend. As der gjin regels binne foar it translitearjen docht elk wat him goed liket, wat it sykjen der net makliker op makket. In oare mooglikheid hjir is om by it ûntbrekken fan in Fryske eigennamme de Nederlânske, Ingelske of in oare oan it Frysk besibbe taal oan te hâlden. Alle talen om ús hinne hâlde Chios oan en no hoege wy net te dwaan wat in oar docht, mar ek al is der wat foar te sizzen, hoefolle Friezen soene Chios yn de Fryske wikipedy ûnder "Gios" (om mar net te sprekken fan Hios of Kios) opsykje? Dit binne even wat betinksels fan my hear, ik lit it fierder leaver oan jim oer.--RomkeHoekstra (oerlis) 6 mrt 2018, 09.47 (CET)[beäntwurdzje]
@Drewes en RomkeHoekstra: Wat de sleepwet oangiet, binne we it samar iens, hear ik wol. Wat de oare kwestje oanbelanget, hingje ik nei Drewes syn stânpunt oer, hoewol't ik de foarm 'Gios' estetysk net moai fyn. Mar it is in frij grut eilân, dat ik bin mei Drewes iens dat we it eins net sa stean litte kinne as we Korfû en Tessaloniky ek al ferfryskje. Wat it sykjen fan Gios oangiet, dêr hoege jo net oer yn noed te sitten, Romke. We wize Chios fansels troch nei Gios sadree't der in side oer it eilân bestiet. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 6 mrt 2018, 21.35 (CET)[beäntwurdzje]