Nea Moni

Ut Wikipedy
Nea Moni

Νέα Μονή

bouwurk
lokaasje
lân Grikelân
plak Gios, Karies
bysûnderheden
type bouwurk kleaster
boujier 1042
offisjele webside
inathos.gr

Nea Moni (Gryksk: Néa Moní, Νέα Μονή, Nij Kleaster) is de namme fan in otterdoksk kleaster op it eilân Gios, Grikelân. Mei de kleasters Dafny by Atene en it kleaster Hosios Lukas by Delfy heart it yn Grikelân by ta de wichtichste byzantynske kleasters fan de 11e iuw. Benammen de mozaïken hawwe it kleaster ferneamd makke. Yn 1990 waarden de trije kleasters meiïnoar as wrâlderfgoed by UNESCO ynskreaun. It kleaster is wijd oan de Himelfeart fan Marije.

Lokaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It kleaster leit yn in mei sipressen beboske delling op likernôch 15 kilometer westlike fan Gios-stêd tusken de plakken Karies en Avgonima.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens de leginde stie der op it plak fan it kleaster earder in lyts tsjerkje, dat troch trije muontsen boud wie. Ear't it tsjerkje boud waard wie der op it plak in ikoan fan de Hillige Jongfaam Marije yn in strûk fûn. It kleaster waard yn 1042 troch de lettere Byzantynske keizer Konstantyn IX Monomachos en syn frou keizerin Zoë stifte. De keizer hie op Lesbos ûnthjitten dat, as er keizer waard, op it plak fan de fynst fan it ikoan in kleaster soe bouwe litte. Troch syn houlik mei keizerin Zoë slagge Konstantyn dêr yn.

Nea Moni, Chios, slachtoffers Turkske ynfal 1822

Iuwenlang bleau it kleaster it wichtichste religieuze sintrum op it eilân. Op it stuit doe't it Byzantynske Ryk foel wie it kleaster op it hichtepunt fan de macht. De ynfloed en it oansjen fan it kleaster bleau noch oant 1822 yntakt. Yn dat tragyske jier foelen de Turken it eilân binnen om, fanwegen de mislearre opstân fan de Griken, wraak te nimmen op de befolking fan Gios. In soad ynwenners fan it eilân sochten beskerming achter de muorren fan it kleaster, mar de measten fan harren waarden fermoarde, lykas ek de 600 muontsen. De slachtoffers waarden yn de Kapel fan it Hillich Krús njonken de tagongspoarte fan it kleaster byset. It kleaster waard nei de moardpartijen troch de Turken yn brân stutsen en plondere.

Under abt Gregorios Foteinos waard de katolikon restaurearre. Mar in 1881 stoarten de koepel fan de tsjerke en de klokketoer yn nei in ierdskodding. Yn 1900 fûn de rekonstruksje fan de koepel plak en yn de jierren 1960 waarden de mozaïken restaurearre.

Yn in kleastergebou mei twa ferdjippingen noardwestlike fan de katolikon is op de boppeferdjipping in kleastermuseum ûnderbrocht. Fanwegen de Turkske plondering en de moardnerij yn 1822 is it in lytse útstalling en datearje de measten saken fan nei dy tiid.[1]

Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It kleasterkompleks bestiet út in haadtsjerke (de katolikon), twa lytsere tsjerken, in refektoarium, de kleastersellen en in heal ûnderierdske systerne. Oan de noardwestlike kant fan it kleaster is in bastion oanlein, dy't in part fan de ferdigingsmuorre (de byzantynske muorre waard yn 1822 ferneatige) om it hiele kompleks hinne foarmet. De klokketoer waard yn 1900 boud en ferfong de âldere toer út 1512. Bûten de muorren is in tsjerkhôf foar de muonsten mei in lytse oan Sint-Lukas wijde kapel.

De op acht pylders rêstende katolikon is in fariaasje op it yn de 10e iuw opkommen type byzantynske tsjerkebou fan de krúskoepeltsjerke. Oarspronklik leine de reliken fan de trije stifters fan it kleaster yn de eksonarteks, mar by de plondering yn 1822 waarden se ferneatige.

Mozaïken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan de mozaïken fan de katolikon hearre inkelde ta de wichtichste fan it middenbyzantynske tiidrek. Yn de koepel wurde û.o. in foarstellings fan Pantokrator, sêne's út it libben fan Kristus en de aartsingels Michael en Gabriel wjerjûn.

Ofbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Nea Moni