Springe nei ynhâld

Oerlis:Lemmerboat

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

@Frou Watzema: Is it "Lemmer" yn "Lemmerboat" net bedoeld yn eigenskipswurdlike sin? Dan soe it yn it Frysk "Lemsterboat" wêze moatte. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 9 mrt 2019, 19.52 (CET)[beäntwurdzje]

Mei oersetten is dat wol sa, mar wy sizze hjir altyd de Lemmerboat. Yn it Hollânsk soe it dan ek 'Lemster boot' west hawwe moatte. Frou Watzema (oerlis) 9 mrt 2019, 20.04 (CET)[beäntwurdzje]
Ah. Okee. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 9 mrt 2019, 20.54 (CET)[beäntwurdzje]
@Frou Watzema: Faaks kinne jo it plaatsje fan dizze side brûke. Drewes (oerlis) 9 mrt 2019, 21.33 (CET)[beäntwurdzje]

net mâlder

[boarne bewurkje]

@Drewes: Wêrom moast "Dolle" Tiisdei feroare wurde yn "Mâle" Tiisdei? "Dol" is in gewoan Frysk wurd, it stiet dan ek gewoan yn myn Fryske wurdboek fan mear as 1200 siden en no soe soks fout wêze? Boppedat wie der in gesachhawwende boarne hjir foar 'Dolle' Tiisdei. "Male Tiisdei" liket my in optinksel ta. Boppedat is "mâl" ek net 'Frysker' as "dol", as in term as 'Frysker' al bestiet.(op autobussen stiet wolris 'Frysker') Wa betinkt soks as "Mâle Tiisdei"? Dêr is gjin dochs gjin gesachhawwende boarne foar sa'n beneaming? In ensyklopedy moat basearre wêze op boarnen en net op wat in 'tafallige skriuwer' betinkt, dan krijt men ommers de gekste staveringsfoarmen dy 't gjin lêzer begrypt. In ensyklopedy moat antwurden jaan en gjin fragen oproppe oer ynhâld en taaleigen. In ensyklopedy moat wol serieus nomd wurde. (Oars is net mear as in 'Wynskoat' en 'Bunskoat' lykje yn myn eagen ek gewoan opstigings dy't net basearre binne op boarnen). Frou Watzema (oerlis) 10 mrt 2019, 09.39 (CET)[beäntwurdzje]

@Frou Watzema: Earst dit: ik ha it net betocht, mar fierders ek net oer neitocht. Twad, 'dol' kin yndie ek ha ik sjoen yn de wurdboeken fan J.W Zantema en W. Visser (dy waarden yndertiid in soad troch ús rieplachte). Treds Visser jout ûnder dol ûnder mear 'mâl', dat sa nuver is't no ek wer net dat in Nederlânske dolle by ús 'mâle' wurden is. Dolle Tiisdei mei om my ek. Oer dat 'Fryskere'. Yn de oertiid fan Wikipedy hawwe guonlju yndie alle war dien om it Frysk hjirre sa min mooglik op it Nederlânsk lykje te litten, faaks ek nije wurden betocht, en harren dêrby net in protte bekroade om besteande gesachhawwende boarnen. Drewes (oerlis) 10 mrt 2019, 19.47 (CET)[beäntwurdzje]