Springe nei ynhâld

Oerlis:Krasnodar (kraj)

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

@RomkeHoekstra en Ieneach fan 'e Esk: en alle oaren. De Gouden Horde wurdt yn in soad artikels neamd, mar horde is gjin Frysk. Sjoch Frysker. Drewes (oerlis) 17 sep 2022, 19.34 (CEST)[beäntwurdzje]

It tichtste by yn it Frysk komt "kliber" of "heap". Neffens de Frânsktalige wiki is it wurd "horde" út it Mongoalsk wei ûntliend yn in protte talen. Kneppelfreed (oerlis) 17 sep 2022, 20.23 (CEST)[beäntwurdzje]
Ik bin foar 'heap'. Drewes (oerlis) 17 sep 2022, 20.27 (CEST)[beäntwurdzje]
Ja, de Gouden Heap leit wol lekker yn it gehoar, en we hawwe ek de Swarte Heap. Litte we dat mar dwaan. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 18 sep 2022, 01.51 (CEST)[beäntwurdzje]
Om my bêst, mar oare besibbe talen brûke allegear it (lien)wurd 'horde(n)'. En ik wyt dat soks gjin reden hoecht te wêzen om it wurd dan ek mar te brûken, mar dan komme wy wer op dy ivige diskusje oer de ferfrysking fan nammen. Fan my mei der 'heap' brûkt wurde, mar dat betsjut 'hope' en alhoewol't ik it mei Ieneach iens bin dat soks hiel goed bekt en faaks deselde gefoelens opropt as by de Swarte Heap, freegje ik my ôf oft 'Gouden Heap' yn dit gefal de lading dekt.--RomkeHoekstra (oerlis) 18 sep 2022, 08.48 (CEST)[beäntwurdzje]

Romke hat in punt, dochs ik ek bin foar "heap". De oare talen hawwe it wurd "horde" oernaam, ek yn harren taalgebrûk en dus net allinnich yn ferbining mei de "Gouden Horde/Heap. Horde komt ienfâldichwei net yn it Frysk wurdboek foar, dus dan is it baas en brûk it gaadlike wurd dêrfoar. --Kneppelfreed (oerlis) 20 sep 2022, 04.56 (CEST)[beäntwurdzje]