Springe nei ynhâld

Oerlis:Komerkbrêge

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

No, wat der mis is, is dat it ûnderskrift fan de twadde foto net te sjen is. Krekt wêrom at dat sa is ...? Mysha (oerlis) 8 feb 2023, 12.13 (CET)[beäntwurdzje]

Jo hiene "|thumb|" weilitten, dêrom. Drewes hat it foarinoar makke. Mar moat it net "Kowemerkbrêge" wêze? Neffens my kin it wurd "ko" yn it Frysk net op dizze manier oan in oar wurd fêstplakt wurde. It klinkt my teminsten hiel apart yn 'e earen. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 9 feb 2023, 00.17 (CET)[beäntwurdzje]
Ik hie net presys thumb "fuortlitten", as dat ik it ferfongen hie troch de mjitten. Dat wie hoe't ik tocht dat it wurke. By alle útlis hie ik net ien foarbyld fûn dêr't tagelyk thumb stie en in tal piksels. Dy "Komerkbrêge", dy komt sa út Strjitten yn Snits: De brêge hjit nei de "Alde Komerk". Sa hiet dy al, tink, doe't in noch ienfâldichwei de "Komerk" wie, om't it wie dêr't de kij ferhannele waarden. Ik wit net wêr't de namme weikaam, of hoe âld, en of is Snitsersk is as Frysk/Hollânsk. Ik tink my yn dat de lju ornaris net om in hiel keppel kij komme. Dat net: "Kijmerk", mar "Komerk". Ja, it is wat núver, mar dat is "Koemarkt" yn stee fan "Koeiemarkt" ek. Dat "Komerk" liket in goede werjefte fan de namme yn it Snitsersk te wêzen. Mysha (oerlis)
No ja, ik wol hjir net tefolle fan meitsje, mar Koemarkt fyn ik net sa nuver yn it Hollânsk; dêr sizze se ek fan "koemelk" en "koevoet", al hat dat lêste fansels semantysk neat mei kij te meitsjen. Yn it Frysk kinne jo net sizze fan "komolke", dat moat dúdlik "kowemolke" wêze (net "kijmolke", want kij is in ûnregelmjittige meartalsfoarm dy't fierders net ferbûgd wurde kin). Ik tocht dat dat by Kowemerk ek sa wie. Ik soe teminsten nea fan Komerk sizze. Hoe't it yn it Snitsersk sein wurdt, wit ik net. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 10 feb 2023, 02.25 (CET)[beäntwurdzje]
Gjin idee wêrom lju koemelk sizze. Dat wie as sei men Geitmolke. Dat wol sizze, ik wit it foar in part: It giet om it keppeljen. Der sit in tusken-e yn Geitemolk foar it gemak. At men dat docht by Koe, dan wurdt it Koeie-, dus "Kowe". Dat soe ik by Koeie- yndied dwaan, mar at der al in folle "-o-" stiet, soe ik der gjin grûn foar sjen. (Is der faaks in ferskil yn de o-s wat ik net hear mei myn Hollânsk?) Wêrom in protte lju dat net dogge yn Koemelk. Faaks seit men earne oars in "oe" oars. Hoe ek, foar my is "koemelk" net normaal, en koemarkt soe dat ek net wêze, behalven dat wy dat hjir sa sizze. Dat dêrom is dy strjitte de Alde Komerk, en is de brêge de Komerkbrêge. At jo in side oer skriuwe, kin soks der allegear by. Sjoch, oerlissiden binne net ferlêrne tiid: it binne nije siden foar de letter. (Is dat geef Frysk: Avant la lettre. Ik haw dat lêst yn it Ingelsk brûkt, oerset, mar de oar hie gjin idee fan wêr't ik it oer hie.) Mysha (oerlis)
Nee, no ja. As it yn Snits sa sein wurdt, dan kin it gewoan stean bliuwe, ek al doocht it eins grammatikaal net yn it Frysk. Ik haw der nochris even oer neitocht, mar nee, ik soe it wurd "ko" altyd ferbûge ta "kowe-" as der in gearstalling fan makke wurdt: kowepoat, kowekop, kowestâl, kowemolke, dus ek kowemerk. Itselde mei "do": dowetil, dowewjuk, dowemelker. Mar ynboargere strjitnammen hâlde har net altyd oan 'e grammatika/semantyk. Sa haw ik mei Drewes ris in diskusje hân oer de Bredepleats yn Frjentsjer. Dy hjit yn it Hollânsk "Breedeplaats". Drewes woe hawwe, "Bredepleats" doocht fan gjin kant as Fryske oersetting, want in pleats is yn it Frysk in boerebedriuw. Dêr hat er gelyk oan, mar dochs neamt eltsenien dy't Frysk praat it yn en om Frjentsjer de Bredepleats. Sokke dingen groeie soms sa. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 10 feb 2023, 23.03 (CET)[beäntwurdzje]