Springe nei ynhâld

Oerlis:Katwyk oan de Ryn

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

haadplak

[boarne bewurkje]

@Kneppelfreed: "It gemeentehûs fan Katwyk stiet yn Katwyk oan de Ryn, op de grins mei Katwyk oan See (...)" Dus dit is it haadplak fan 'e gemeente? Want dat wurdt yn 'e ynfoboks by de side oer de gemeente Katwyk net oanjûn. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 16 des 2024, 21.55 (CET)[beäntwurdzje]

@Ieneach fan 'e Esk, ik haw it oanjûn yn 'e ynfoboks en navigaasjebalke. Hooplik dat it no better is? De gemeente Katwyk hat suver in nijsgjirrige yndieling. It beskôget himsels suver as in stêd, mar de stedsdielen dêrfan sjogge se noch as offisjele kearnen. Faaks om't dat eartiids selsstannige doarpen wiene dy't oaninoar fêst groeid binne. Kneppelfreed (oerlis) 16 des 2024, 22.24 (CET)[beäntwurdzje]
@Kneppelfreed: Och, wat apart. Ik sjoch no pas dat jo by Katwyk de ynfoboks foar stêd brûke ynstee fan dy foar gemeente. Gjin wûnder dat it haadplak der net yn stie. Ik freegje my ôf oft dêr ek better in gemeenteboks brûkt wurde kin, mar dat lit ik fierder oan jo oer: jo hawwe josels yn 'e stof ynlêzen. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 16 des 2024, 22.35 (CET)[beäntwurdzje]
@Ieneach fan 'e Esk, ja ik hie bewust de ynfoboks foar stêd brûkt om't Katwyk in "stêd" is. Ik brûk foar gemeenten dy't út ien plak bestean, faak de ynfoboks stêd, dan kin ik de posysjekaart brûke. Katwyk is in bytsje in apart gefal en Noardwyk (Súd-Hollân) is ek sa'n soarte gefal. Dus lit ik dit mar sa't it no is. Kneppelfreed (oerlis) 17 des 2024, 05.46 (CET)[beäntwurdzje]